thumb| Flagge fan Ingwierrum De flagge fan Ingwierrum is de flagge fan it doarp Ingwierrum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel waarden op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Trije like hege banen giel-blau-giel, yn de boppeste baan yn de broektop in swarte, swimmende ein, yn de blauwe baan twa wite broekkepers.
De kleuren komme út it wapen fan Ingwierrum.
Symbolyk
Ein: ferwiist nei de einekoaien dy't by it doarp lizze, benammen by de buorskip Nijlân. Blauwe baan mei kepers: ferwiist nei it Dokkumer Grutdjip, de kepers byldzje de slûsdoarren fan Dokkumer Nije Silen út.
Sjoch ek
Ingwierrum Kategory:Ingwierrum