thumb| Wapen fan Nijewier It wapen fan Nijewier is it wapen fan it doarp Nijewier, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in út de skyldrâne opkommende terp fan sinopel, mei boppe in Jeruzalimskrús fan kiel.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
Terp: byldet de terp ôf dêr't it doarp op leit. Jeruzalimkrús: ferwiist nei it kleaster Sion dat yn it doarp stien hat. De reade kleur is oernommen út de wapens fan it prinsbisdom Utert en de streek Eastergoa.
Sjoch ek
Nijewier Kategory:Nijewier