thumb| Flagge fan Moarre De flagge fan Moarre is de flagge fan it doarp Moarre, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.

De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Flechtskean ferdield fan giel en blau, yn it giel in blauwe ôfskuorde earnskop.

De kleuren komme út it wapen fan Moarre.

Symbolyk

Earnskop: oernommen út it wapen fan de famylje Van Heemstra dy't westlik fan it doarp in state bewenne. Ek is de earn in symboal foar Jehannes de Evangelist, de patroanhillige fan de Sint-Jehannestsjerke fan Moarre. Kleurstelling: oernommen út it wapen fan de famylje Van Heemstra.

Sjoch ek

Moarre Kategory:Moarre