thumb| Wapen fan Wierum It wapen fan Wierum is it wapen fan it doarp Wierum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Trochsnien: I yn goud in fiskerskip mei folle seilen fan sabel; II yn azuer trije fisken fan sulver, pleatst twa en ien.

De heraldyske kleuren binne: goud, sabel (swart), azuer (blau) en sulver.

Symbolyk

Skip: ferwiist nei it sinken fan de fiskersfloat yn 1893. Fisken: stie symboal foar de fiskerij. Skylddieling: ferwiist nei de lizzing fan it doarp oan de kust. It goud stiet foar it lân en it blau stiet foar de Waadsee.

Sjoch ek

Wierum Kategory:Wierum