Spider-Man: Far from Home is in Amerikaanske superheldefilm út 2019 ûnder rezjy fan Jon Watts, mei yn 'e haadrollen Tom Holland en Jake Gyllenhaal. De titel betsjut "Spin-Man: Fier fan Hûs". De film is de twadde út 'e Marvel Cinematic Universe-rige mei de jonge superheld Spider-Man yn 'e haadrol, en is as sadanich it ferfolch op Spider-Man: Homecoming út 2017. It ferhaal folget Spider-Man as er op in skoalreis troch Jeropa giet. Syn plan is om einlings en te'n lêsten syn leafde oan syn klasgenoate M.J. te ferklearjen, mar hy wurdt dwerseide trochdat Nick Fury en de nije superheld Mysterio syn help nedich binne om in rige oanfallen op 'e wrâld troch boppenatuerlike wêzens ôf te slaan. Spider-Man: Far from Home krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in trochslaand kommersjeel súkses. De film wûn twa Saturn Awards. Binnen it Marvel Cinematic Universe folget Spider-Man: Far from Home as lêste diel fan Phase Three op Avengers: Endgame (2019) en giet er foarôf oan Black Widow, de earste film fan Phase Four. In direkt ferfolch en it ôfslutende diel fan 'e (earste) MCU-trilogy oer Spider-Man, Spider-Man: No Way Home, waard yn 2021 útbrocht.

Plot Acht moanne nei't de Avengers en harren bûnsgenoaten mei swiere ferliezen de sljochtsinnige god Thanos en syn legers ferslein hawwe (sjoch: Avengers: Endgame), ûndersykje Nick Fury en syn assistinte Maria Hill in ûnnatuerlike orkaan dy't it Meksikaanske doarp Ixtenco ferwoastge hat. Wylst se dêre binne, komt de elemintêre geast fan 'e ierde harren oer it mad. Se wurde lykwols rêden troch Quentin Beck, in ûnbekende superheld, dy't it wêzen ferslacht.

Underwilens brekt yn New York de simmerfakânsje oan. De sechstjinjierrige Peter Parker sjocht dernei út om syn alter ego fan 'e superheld Spider-Man foarearst eefkes rêste te litten. Hy hat syn nocht fan it superheldedom en rouwet noch altyd om syn mentor Tony Stark (alias Iron Man), dy't yn 'e striid tsjin Thanos omkommen is. Peter is dêrom net bliid as Happy Hogan, Stark syn eardere liifwacht en freon, him oanseit dat Nick Fury kontakt mei him siket. Hy nimt net op as Fury him besiket te skiljen.

Ynstee sil er mei syn klasse op in eksamenreis nei Jeropa, dêr't er yn Parys, op 'e top fan 'e Eiffeltoer, einlings en te'n lêsten de juste romantyske omstannichheden hopet te kreëarjen dy't nedich binne sadat er syn klasgenoate M.J., it famke dêr't er al in skoft fereale op is, syn leafde ferklearje kin. Syn bêste freon Ned is fan doel om yn Jeropa as frijfeint safolle mooglik Jeropeeske famkes oan 'e heak te slaan. Yn it fleantúch nei Jeropa soarget Peter syn krewearjen om njonken M.J. sitte te kinnen der krekt foar dat sy ynstee njonken harren klasgenoat Brad komt te sitten, dy't ek in eachje op har hat. Ned belânet njonken Betty, mei wa't er ferkearing kriget, wylst Peter sels njonken menear Harringon sitte moat, ien fan 'e learaars dy't de skoalreis begeliede.

Peter en syn klasgenoaten binne yn Feneesje as dêr de elemintêre geast fan it wetter in wraam op 'e stêd docht. Beck, dy't ûnderwilens troch de media omneamd is ta Mysterio, befjochtet it wêzen, wylst Peter helpt om syn klasgenoaten en oare omstanners te beskermjen tsjin ynstoartende gebouwen.

Letter wurdt Peter yn syn hotelkeamer opwachte troch in irritearre Fury, dy't syn help opeasket by it rêden fan 'e Ierde fan 'e oanfallen fan 'e elemintêre geasten. Hy jout him ek de sinnebril fan Stark, dêr't in keunstmjittige yntelliginsje yn ferwurke sit dy't E.D.I.T.H. hjit (in ôfkoarting foar even dead I'm the hero, "sels dea bin ik de held"). Fia E.D.I.T.H. kriget Peter tagong ta Stark syn reuseftige arsenaal fan oanfalsdrones dat yn in baan om 'e Ierde rûntsjedraait. Beck beweart fan in oare Ierde út in alternative reäliteit te kommen. Syn wrâld is ferneatige troch de elemintêre geasten dy't no dizze Ierde oanfalle. Hy foarseit dat de úteinlike oanfal, fan 'e elemintêre geast fan it fjoer, yn Praach plakfine sil. Fury wol dat Peter meigiet nei Praach, mar Peter leit dêr tsjinyn dat al syn klasgenoaten witte sille dat hy Spider-Man is as er nei Praach giet en dêr as Spider-Man op 'e lapen komt. Fury lit him dêrop weromkeare nei syn hotel.

De oare deis, lykwols, as de klasse trochreizgje sil nei Parys, blykt harren reis fan it reisburo in upgrade krigen te hawwen en geane se ynstee yn in spiksplinternije touringcar nei Praach. Peter beseft dat Fury de hiele skoalreis kaapt hat, eat dêr't er net bliid mei is mar neat tsjin dwaan kin. Oankommen yn Praach ûntfangt Peter in swart Spider-Man-pak, sadat er anonym bliuwe kin, en wurdt er troch Fury min ofte mear twongen om Beck te helpen by it befjochtsjen fan 'e elemintêre geast fan it fjoer. Mei Peter syn help slagget it Beck om 'e fjoergeast te ferslaan. Fury en Hill nûgje Beck en Peter út om mei te kommen nei it haadkertier fan Europol yn Berlyn, mar Peter wol werom nei syn klasse om te sjen oft er noch wat fan syn oarspronklike romantyske plannen mei M.J. rêde kin. Op basis fan in bryfke fan Stark dat yn 'e brilledoas fan 'e sinnebril siet ("Foar de nije Iron Man"), oertsjûget Peter himsels derfan dat E.D.I.T.H. eins net foar him bedoeld wie, mar dat Stark woe dat hy in nije Iron Man útkieze soe. Hy beslút de sinnebril oan Beck te jaan en draacht de kontrôle oer E.D.I.T.H. oan him oer.

As Peter ferromme ôfset is, docht lykwols bliken dat Beck hielendal gjin superheld út in oare diminsje is, mar in wrokjende âld-wurknimmer fan Stark Industries. Mei in kliber oare malkontinten hat er gearwurke om mei holografyske projektors de elemintêre geasten en syn eigen fleanende stunts te kreëarjen, wylst de fysike skea dy't troch de geasten oanrjochte wurdt, feroarsake wurdt troch bewapene drones dy't beskûlgeane efter de yllúzje. De bedragers binne fan doel om it orbitale arsenaal fan oanfalsdrones, dêr't E.D.I.T.H. tagong ta hat, te brûken om harsels frauduleas as superhelden fan it nivo fan 'e Avengers te fêstigjen. En it kin harren neat skele hoefolle deaden dat kostje sil.

Werom yn it hotel wit Peter M.J. mei te troaien de stêd yn om har dan mar yn Praach te fertellen dat er fereale op har is. Sy besiket te rieden wat er har fertelle wol en oppenearret dat er Spider-Man is, wat Peter by heech en leech ûntstriidt. It docht bliken dat se by it gefjocht fan Mysterio en de anonime Spider-Man (dy't eltsenien no de Night Monkey, it Nachtaapke, neamt), in weirekke holografyske projektor opkrigen hat. As Peter it ding by fersin oanset, ferskynt der in holografyske projeksje fan in elemintêre geast, en beseft er dat er besoademitere is. Hy fertelt M.J. dat er yndie Spider-Man is om har mei te krijen nei it hotel, en drukt har en Ned op it hert om net blike te litten wat se oan 'e weet kommen binne. Sels reizget er halje-trawalje nei Berlyn om Fury te warskôgjen.

Yn 'e tuskentiid hawwe Beck-en-dy lykwols ûntdutsen dat der in projektor mist en wêr't dy bedarre is. Yn Berlyn oankommen rint Peter sadwaande yn 'e fûke dy't Beck foar him opset hat. Hy mient dat er mei Fury praat as er fertelt dat M.J. en Ned alles witte, mar eins is it Beck dy't him troch middel fan holografyske projeksje foardocht as Fury. Beck jaget him in spoaroergong op, dêr't er skept wurdt troch in hegefaasjetrein. Beck mient dat Peter dea is, mar Peter oerlibbet de klap, klaut oan board fan 'e trein en rekket bewusteleas. As er wer by besleur komt, sit er oan it einpunt fan 'e rit foar swartriden yn 'e sel tusken de Nederlânske fuotbalsupporters. Hy brekt út en blykt yn Broek op Langedijk te wêzen, dêr't er him oppikke lit troch Happy Hogan. Dyselde fljocht him nei Londen ta, dêr't syn klasse út Praach wei hinne soe. Peter is der wis fan dat Beck besykje sil syn freonen út 'e wei te romjen, en hy is wisberet om dat tsjin te kearen.

Beck lit de dûbeldekker dêr't de klasgenoaten fan Peter yn sitte, stilsette op 'e Brêge fan Londen en lit it dan foarkomme as wurdt de bus fernield by in gefjocht tusken Mysterio en in nije elemintêre geast. Tsjin dy tiid binne M.J., Ned en de oaren lykwols al útnaaid. Efterfolge troch swierbewapene drones sykje se mei Happy Hogan beskûl yn 'e klûs fan 'e Britske kroanjuwiellen yn 'e Toer fan Londen. It slagget Peter om 'e yllúzjes fan Beck te fersteuren, mar dêrop falt Beck him oan mei de drones. Yn in spektakulêr gefjocht ferslacht Peter Beck en nimt er E.D.I.T.H. fan him werom, wêrnei't er alle oerlibjende drones wer opbergje lit yn it orbitale arsenaal. Beck komt om wannear't er troch in ferdwaalde kûgel fan ien fan syn eigen drones rekke wurdt. Ien fan syn maten, de technikus William Ginter Riva, downloadt alle ynformaasje fan 'e drones nei in USB-stick en makket him dan út 'e fuotten.

Neitiid sprekt Peter einlings syn gefoelens foar M.J. út en docht bliken dat sy ek fereale op him is. Se krije ferkearing. Underwilens is de ferkearing fan Ned en Betty alwer út, mar Peter syn muoike May en Happy Hogan hawwe ek in relaasje krigen. Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, stjoert de populistyske ferslachjouwer J. Jonah Jameson yn syn tillefyzjeprogramma de troch Riva oanpaste bylden fan it gefjocht yn Londen út. Dêrtroch liket it as hat Spider-Man út klearebare jaloerskens de oprjochte superheld Mysterio fermoarde. Ek wurdt yn itselde progrmma, ta ôfgriis fan Peter, syn wiere identiteit buorkundich makke. Oan 'e ein fan 'e ôftiteling folget noch in sêne wêryn't bliken docht dat Fury en Hill eins fier fuort yn 'e romte binne. Talos en Soren, in pear skrulls (bûtenierdske wêzens dy't it fermogen hawwe om fan stal te feroarjen), hawwe harren yn opdracht fan 'e echte Fury foardien as himsels en Hill om 'e boel op 'e Ierde yn goede banen te lieden.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise      Peter Parker / Spider-Man Tom Holland Quentin Beck / Mysterio Jake Gyllenhaal

byrollen personaazje akteur/aktrise Ned Leeds Jacob Batalon M.J. Jones-Watson Zendaya Coleman Nick Fury Samuel L. Jackson Happy Hogan Jon Favreau Maria Hill Cobie Smulders Betty Brant Angourie Rice Brad Davis Remy Hii learaar Roger Harrington Martin Starr muoike May Parker Marisa Tomei William Ginter Riva Peter Billingsley Flash Thompson Tony Revolori learaar Julius Dell J.B. Smoove E.D.I.T.H. Dawn Michelle King (stim) Dimitri Numan Acar naaister fan it Night Monkey-pak Toni Garm Janice Lincoln Claire Rushbrook Jason Ionello Jorge Lendeborg jr. Zach Zach Barack klasgenoate fan Peter Zoha Rahman Nederlânske fuotbalsupporter #1 Jeroen van Koningsbrugge Nederlânske fuotbalsupporter #2 Michaël de Roos Nederlânske fuotbalsupporter #3 Jan-Paul Buijs man mei mobile tillefoan yn Broek op Langedijk Lukáš Bech J. Jonah Jameson J.K. Simmons (cameo) Talos Ben Mendelsohn (cameo) Soren Sharon Blynn (cameo) Obadiah Stane Jeff Bridges (op argyfbylden) Tony Stark / Iron Man Robert Downey jr. (op argyfbylden) Steve Rogers / Captain America Chris Evans (op argyfbylden) Natasha Romanoff / Black Widow Scarlett Johansson (op argyfbylden) Vision Paul Bettany (op argyfbylden)

Produksje en distribúsje Produksje De produksje fan Spider-Man: Far from Home waard yn juny 2016 troch de Marvel Studios oankundige. De film waard regissearre troch Jon Watts, dy't ek de foargeande film oer Spider-Man makke hie, Spider-Man: Homecoming (2017). Hy wurke op basis fan in senario fan Chris McKenna en Erik Sommers. As produsinten wiene Kevin Feige en Amy Pascal by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, de Marvel Studios en Pascal Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $160 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matthew J. Lloyd, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.

Opnamen