It bisdom Magdeburg (Dútsk: Bistum Magdeburg; Latyn: Dioecesis Magdeburgensis) is in roomsk bisdom yn it easten fan Dútslân yn 'e tsjerkeprovinsje tsjerkeprovinsje Paderborn. It is neffens it oantal katoliken in tige lyts bisdom en it op ien nei lytste bisdom fan it lân, wylst it bisdom wat oerflak oanbelanget it op trije nei grutste bisdom is.
It yn 1994 oprjochte bisdom leit yn 'e hiele dielsteat Saksen-Anhalt (mei útsûndering fan Havelberg) en dielen fan 'e dielsteaten Brandenburch en Saksen. Mei Tueringen en Nedersaksen foarmje de grinzen fan 'e dielsteaten ek de grins fan it bisdom. It bisdom is in suffragaan bisdom fan 'e tsjerkeprovinsje Paderborn. Biskopstsjerke is de Sint-Sebastiaankatedraal fan Magdeburg. Karakteristyk foar it bisdom is it ekstreem lege tal katoliken yn it gebiet.
By in reorganisaasje yn 2023 waarden alle dekanaten fan it bisdom Magdeburg opheft. Dêrfoar binne 11 pastorale regio's yn it plak kommen. De yngreep wie needsaaklik fanwegen de tanimmende personiele krapte yn it bisdom.Katholisch.de: Magdeburger Bischof Feige löst alle Dekanate seines Bistums auf, 03.07.2023
List biskoppen Apostoalysk administrator 23-07-1973 - 12-02-1990: Hans-Georg Braun 12-02-1990 - 27-06-1994: Leopold Nowak
Biskop 24-06-1994 - 17-03-2004: Leopold Nowak 23-02-2005 - Heden: Gerhard Feige
Magdeburg Kategory:Brandenburch Kategory:Saksen (dielsteat) Kategory:Saksen-Anhalt Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1994