thumb| Wapen fan Kollumersweach It wapen fan Kollumersweach is it wapen fan it doarp Kollumersweach, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in stinstoer, trjie kear kantield, mei in oan de boppeside healrûne doar en fjouwer finsters en twa wynwizers, alles fan read, mei twa brede griene peallen, útgeand fan de linker en rjochter skyldrâne, elk belein mei in ôfkearde gouden nôtier.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), sinopel (grien).
Symbolisme
Stinstoer: ferwiist nei de trije stinsen dy yn it doarp stien ha. Nôtieren: ferwiist nei de lânbou yn it doarp as wichtichste boarne fan ynkommen. Griene peallen: stie foar de feehâlderij dy't promininter waarden is.
Sjoch ek
Kollumersweach Kategory:Kollumersweach