C. (Tineke) Schokker-Strampel (Eastermar, 27 july 1952) is in Frysk CDA-politikus en bestjoerster. Sûnt 4 april 2025 ferfangt hja Jeroen Gebben as waarnimmend boargemaster fan Tytsjerksteradiel.Gem. Tytsjerksteradiel, oproppen 14 maart 2025.

Libben en wurk Schokker sette mei har karriêre útein as ûnderrjochtster. Letter wurke se foar it blêd Frysk en Frij en wie se foaroanfrou by it Frysk Hynstesintrum yn Drachten. Hja hat ek opliedingsfoaroanfrou west by Kristlike Hegeskoalle Nederlân (CHN) in Ljouwert. Yn 1999 waard se lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en fan 2007 oant 2015 wie se dêr deputearre.

Yn 2015 folge se Ella Schadd op as waarnimmend boargemaster fan Flylân.Tineke Schokker waarnemend burgemeester op Vlieland, NGB oproppen op 25 febrewaris 2021 Yn 2017 fergeat se by de Twadde Keamerferkiezings har stimmachtiging en helle dêrtroch De Telegraaf. Datselde jier waard se foardroegen foar in fêste beneaming foar in tiidrek fan seis jier as boargemaster fan it Waadeilân. Op 12 oktober dat jiers waard se beëdige.Nieuwe burgemeester in Vlieland, Ryksoerheid op 24 augustus 2017 Op 7 septimber 2020 makke Schokker bekend oan de gemeenteried fan Flylân dat se frege hie har út har amt te ûntheffen, omreden oanwennigens fan it fêste lân.Persbericht, Gemeente Flylân op 7 septimber 2020Burgemeester Vlieland vanwege heimwee terug naar vaste wal, Binnenlands Bestuur op 26 septimber 2020 Op 10 maaie 2021 waard Michiel Schrier boargemaster fan Flylân.Nieuwe burgemeester op Vlieland, Ryksoerheid op 6 april 2021 Foar de Earste Keamerferkiezings fan maaie 2023 stie Schokker op 'e sande plak op 'e gadingmakkerslist fan it CDA, itjinge net genôch wie om keazen te wurden.

Sjoch ek List fan boargemasters fan Flylân

Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Boargemaster fan Flylân Kategory:Boargemaster fan Tytsjerksteradiel Kategory:CDA-politikus Kategory:Frysk deputearre Kategory:Persoan berne yn Eastermar Kategory:Persoan berne yn 1952