thumb| Flagge fan Nijlân De flagge fan Nijlân is de flagge fan it doarp Nijlân, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1975 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Grien mei in wyt krús en op it krús in read útsjende bollekop en in giele leelje yn de boppehals.

De kleuren komme út it wapen fan Nijlân.

Symbolyk

Krús en bollekop: oernommen út it wapen fan Nijlân. Giele leelje: oernommen út it wapen fan Wymbritseradiel. Ferwiist nei de bân mei de eardere gritenij en gemeente Wymbritseradiel.

Sjoch ek

Kategory:Kultuer yn Súdwest-Fryslân Nijlân Kategory:Nijlân