thumb| Wapen fan Swichum It wapen fan Swichum is it wapen fan it doarp Swichum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1994 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn azuer in nôtskeaf beselskippe fan twa klaverblêden, alles fan goud; en in frijkertier fan kiel, belein mei in fjoerslach fan goud.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud en kiel (read).

Symbolyk

Nôtskeaf: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Aytta. Klaverblêden: ferwize nei it agraryske karakter fan it doarp. Fjoerslach: symboal faor de Oarder fan it Gouden Flues, dêr't Wigle fan Aytta ek kânselier fan wie.

Sjoch ek

Swichum Kategory:Swichum