thumb| Flagge fan Rie De flagge fan Rie is de flagge fan it doarp Rie, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2000 registrearre.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Dield oer de flechtdiagonaal fan wyt en giel mei oer alles hinne in weagjende blauwe lofterskeane baan mei in dikte, lyk oan 2/5 flaggehichte; yn'e broektop swarte kattekop mei giele eagen dy't jin oansjocht.
De kleuren komme út it wapen fan Rie.
Sjoch ek
Rie Kategory:Rie (plak)