thumb| Flagge fan Gerkeskleaster-Strobos De flagge fan Gerkeskleaster-Strobos (Kleastersk: vlagge van Gerkesklooster-Stroobos)is de flagge fan de doarpen Gerkeskleaster en Strobos (Gerkeskleaster-Strobos) , yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Grien, mei in reade broekingstrijehoeke en oanslute in wite gabel mei in dikte gelyk oan 1/5 flaggehichte en de boppeside nei de broekside keare; op de reade broekingstrijehoeke in giele leelje mei in hichte, gelyk oan 1/2 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Gerkeskleaster-Strobos.
Symbolyk
Gabel: stiet foar de splitsing fan de farwegen by it doarp: Prinses Margrietkanaal, Strobosser Trekfeart en De Lauwers. Griene fjilden: ferwiist nei de griene omkriten fan it doarp. Reade trijehoeke: ferwizing nei de bebouwing fan it doarp. Leelje: symboal foar de Sistersjinzers kleasteroarder, it pleatslike kleaster Jeruzalim wie ûnderdiel fan dizze oarder.
Sjoch ek
Gerkeskleaster-Strobos Kategory:Gerkeskleaster Kategory:Strobos