thumb| Wapen fan Hurdegaryp thumb| Wapen makke mei blommen. It wapen fan Hurdegaryp is it wapen fan doarp Hurdegaryp, yn de Frykse gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read in swarte peal mei in sulveren seame; oer alles hinne in snuorre jachthoarn fan goud.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sabel (swart), sulver en goud.

Symbolyk

Swarte peal: stiet foar de Swarte Wei. Nei de oanlis fan dizze dyk yn 1830 ferpleatse it doarp stadichoan nei dizze dyk. Reade fjilden en jachthoarn: oernommen út it wapen fan Tytsjerksteradiel.

Sjoch ek

Hurdegaryp Kategory:Hurdegaryp