thumb| Flagge fan Easterlittens De flagge fan Easterlittens is de flagge fan it doarp Easterlittens, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 2001 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
In reade broeking fan 1/3 flaggelingte, belein fan boppe nei ûnderen mei in pinning fan 1/5 flaggehichte, in pot fan 2/5 flaggelingte en in pinning fan 1/5 flaggehichte, alles fan giel; in wite flecht mei in blau Andreaskrús, wêr fan de earmen in dikte hawwe fan 1/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Easterlittens.
Symbolyk Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Littenseradiel, de gemeente dêr't it doarp 1984 - 2017 part fan wie. Andreaskrús: stiet foar de Frjentsjerter Feart en Boalserter Feart dy't inoar kruse krekt noardwest fan it doarp. Gouden pot en pinningen: tsjutte op de sêge oer it Pealtsje fan Easterlittens. Gouden pinningen: ferwiist nei de Littenser Merke en op it tolhûs by de krusing fan de fearten.
Sjoch ek
Easterlittens Kategory:Easterlittens