thumb| Flagge fan De Skâns-Oostmahorn De flagge fan De Skâns-Oostmahorn is de flagge fan it doarp De Skâns-Oostmahorn, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 2008 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Nei ûnderen skeand: 1. yn read in giele skânsdwinger yn de broekhoeke, wêr fan it ferrin in dikte hat fan 1/10 flaggehichte en rint oant 1/10 flaggehichte fan de skeane ferdieling wêr fan de ôfsnijing de flaggedieling folget; 2. fiif like heege weagjende banen fan blau en wyt.

De kleuren komme út it wapen fan De Skâns-Oostmahorn.

Symbolyk

Skeane ferdieling: ferbyldet it talúd fan de seedyk. Weagjende banen: stiet foar de weagen fan de see dy tsjin de seedyk rinne. Read fjild: stiet foar it gefaar dat fan see kaam. Skânsdwinger: stiet foar de skâns dy by it doarp lei.

Sjoch ek

Skans-Oostmahorn Kategory:De Skâns