thumb| Wapen fan Earnewâld It wapen fan Earnewâld is it wapen fan it doarp Earnewâld, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1984 registrearre.

Skiednis Earnewâld is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. It wapen is ûnder mear ôfbylde op de preekstoel út 1699 yn de Agnestsjerke fan Earnewâld. It wapen lit in dûbbelskoppige earn sjen. De Fryske earn komt is soad foar yn de Fryske heraldyk. In oar ferbân wurdt lein mei de fûgel earn, dy't mooglik eartiidsk yn it gebiet om Earnewâld nêste hat.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sulver in dûbelde earn fan swart.

De heraldyske kleuren binne: sulver en sabel (swart).

Symbolyk Dûbbelkoppige earn: ferwiist nei de plaknamme Earnewâld, besteande út twa dielen: de persoansnamme Erend of Arend en wâld.

Sjoch ek

Earnewâld Kategory:Earnewâld