thumb| Wapen fan Haulerwyk It wapen fan Haulerwyk (Stellingwerfsk: woapen van Haulerwiek) is it wapen fan it doarp Haulerwyk, yn de Fryske gemeente Eaststellingwerf. It wapen waard yn 1986 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read in sulveren haadbalke, belein mei in swarte snikke; yn de skyldfoet in oplizzer en in stekker, beide fan goud, skeankrúst pleatse.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, sabel (swart) en goud.

Symbolyk

Read fjild: stiet foar de heide dy eartiidsk yn de omkriten fan it doarp oanwêzich wie. Wite balke: symboal foar de Haulerwykster Feart, dwersfeart fan de Drachtster Feart. Snikke: in soad brûkte boat dy eartiidsk soargde foar in ferbining mei Drachten en Assen. Oplizzer en stekker: ark foar feantsjerij. Ferwiist nei it ûntstean fan it doarp troch feantsjerij.

Sjoch ek

Haulerwyk Kategory:Haulerwyk