thumb| Wapen fan Bears It wapen fan Bears is it wapen fan it doarp Bears yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau in gouden poarte mei in yn- en útswaaide topgevel en iepene fan it fjild, un de skyldhoeken beselskippe fan twa nei inoar takearde heale moannen fan sulver.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud en sulver.
Symbolyk
Blau fjild: oernommen út it wapen fan Baarderadiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Gouden poarte: ferwiist nei it poarte fan Uniastate út 1616. De state self is ôfbrutsen mar de poarte bestiet noch wol. Sulveren moannen: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Unia, dy't de Uniastate bewenne.
Sjoch ek
Bears Kategory:Bears