290px|thumb|Gemeentekaart fan Teylingen Teylingen is in gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De gemeente leit yn 'e súdlike Bollekrite, noardlik fan 'e stêd Leien. De gemeente ûntstie yn 2006 nei in fúzje fan de gemeenten Sassenheim, Voorhout en Warmond. De gemeente Teylingen hat ynwenners (, boarne: CBS) op in oerflak fan 33,49 km² wêrfan 5,11 km² wetter.
Namme De namme fan 'e gemeente is ôflaat fan Slot Teylingen, in ruïne yn 'e buorskip Teijlingen yn Voorhout, tichteby de kearn Sassenheim. Dêrnjonken komt de namme ek foar yn de eardere gemeenten Sassenheim, Voorhout en Warmond. Eastlik fan Sassenheim en Lisse leit in dúnrêch mei de namme Teijlingen, dy't weromgiet op in rekonstruearre Germaansk wurd *taglingja ‘sturt’ of ‘smelle, hege dúnrêch’; dat Germaanske wurd is ek werom te finen yn it Ingelske wurd tail.
Geografy De gemeente grinzget oan de gemeenten Noardwyk, Lisse, Haarlimmermar, Kaag en Braassem, Leiderdorp, Leien, Oegstgeest en Katwyk. It grutste part fan de Kagerplassen leit op it grûngebiet fan Teylingen. It polderlân oan 'e eastkant fan de kagerplassen is sûnder boat allinnich troch de buorgemeenten te berikken.
Kearnen De gemeente Teylingen bestiet út de trije folgjende offisjele kearnen: Kearn Ynwenners (2023)CBS:Statline Sassenheim 16.020 Voorhout 17.280 Warmond 5.210
Fierders hat de gemeente de buorskippen Klinkenberg, Oosteinde en Teijlingen
Stasjons Yn de gemeente Teylingen lizze twa spoarstasjons: Stasjon Sassenheim, sûnt 2011 yn gebrûk Stasjon Voorhout, sûnt 1997 fannijs iepene
Stêdebannen Yn 'e gemeente Teylingen hawwe Sassenheim en Warmond in stêdebân.
Sassenheim Tileagd (Roemeenje), sûnt 2001 Lagos (Portugal), sûnt 2013
Warmond Champigné (Frankryk), Jumelage JWCStedenband Champingé, Stichting JWC
Galery
Keppeling om utens Offisjele hiemside fan de gemeente
Kategory:Gemeente yn Súd-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2006