thumb| Wapen fan Winsum It wapen fan Winsum is it wapen fan it doarp Winsum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 1990 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Puntig trochsneid fan azuer en goud, mei twa punten wizende nei de skyldfoet, yn de linkerboppehoeke trije pinningen fan sulver, pleatse 2 en 1, yn de rjochterûnderhoeke in fjouwerspêkich wettermûnerêd fan kiel; oer alles hinne in skeanrjochts pleatse pôlsstok fan it ien yn it oare.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sulver en kiel (read).

Symbolyk

Trochsneiding: stiet foar de letter W fan Winsum. Polsstôk: ferwiist nei it fierljeppen. Trije bollen: ferwize nei it keatsen. Wettermûnerêd: stiet foar de yndustry yn it doarp. Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Baarderadiel en Littenseradiel.

Sjoch ek

Winsum Kategory:Winsum (Fryslân)