thumb| Wapen fan Jouswier It wapen fan Jouswier is it wapen fan it doarp Jouswier, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waar dyn 1988 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Trochsneid: I yn sulver in lizzende kaai fan kiel, de burd nei rjochts en nei boppe went; II yn sinopel in swynskop fan goud.

De heraldyske kleuren binne: sulver, kiel (read), sinopel (grien) en goud.

Symbolyk

Skyldkop: de sleutel stiet symboal foar Petrus, patroanhillige fan de Petrustsjerke fan Jouswier. De kleuren binne oernommen út de wapens fan it prinsbisdom Utert en de streek Eastergoa. Swynskop: oernommen út it wapen fan de famylje Bergsma. De famylje Bergsma hie alle stimhawwende pleatsen fan Jouswier. Grien fjild: ferwiist nei de mei gês begroeide terp.

Sjoch ek

Jouswier Kategory:Jouswier