thumb| Flagge fan Boarnwert De flagge fan Boarnwert is de flagge fan it doarp Boarnwert, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Broekskean ferdield: fan de broekside ôf blau-wyt; yn 't midden in leelje fan trijefjirde flaggehichte fan read yn it wyt en fan wyt yn it read.
De kleuren komme út it wapen fan Boarnwert.
Symbolyk
Skeane twadieling en kleurstelling: oernommen út it wapen fan West-Dongeradiel, de gemeente dêr't it doarp eartiids part fan wie. Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Aylva fan Boarnwert, in tak fan de famylje Fan Aylva. De famylje bewenne Minnoltsmastate yn it doarp. De read-wite kleur fan de leelje ferwiist nei it wapen fan it Prinsbisdom Utert. Yn 1374 waard de kapel fan Boarnwert oerdroegen oan de proast fan de Sint-Salvatortsjerke yn Utert.
Sjoch ek
Boarnwert Kategory:Boarnwert