thumb| Wapen fan Ingwierrum It wapen fan Ingwierrum is it wapen fan it doarp Ingwierrum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in út de skyldfoet opkommende terp fan sinopel, mei boppe twa swimmende einen fan sabel; en in skyldkop fan azuer, mei twa loftskearde kepers fan sulver.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), sabel (swart), azuer (blau) en sulver.
Symbolyk
Terp: ferwiist nei de terp dêr't it doarp op leit. Ek stiet it symboal foar de âlde Lauwersdyk. Einen: ferwize nei de einekoaien dy't by it doarp lizze, benammen by de buorskip Nijlân. Skyldkop mei kepers: ferwiist nei it Dokkumer Grutdjip, de kepers steane foar de slûsdoarren fan Dokkumer Nije Silen.
Sjoch ek
Ingwierrum Kategory:Ingwierrum