thumb| Wapen fan Raard It wapen fan Raard is it wapen fan it doarp Raard, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Ferdield: I yn azuer in krúswizer fan sulver, mei in ôfrinnend krús fankiel; II yn sulver in letter W fan sabel, mei boppe en ûnder in klaverblêd fan sinopel.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, kiel (read), sabel (swart) en sinopel (grien).
Symbolyk Krúsfindel: stiet foar it Agnus Dei, in symboal fan Jehannes de Doper, de patroanhillige fan de Jehannes de Dopertsjerke fan Raard. Letter W mei klaverblêden: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Kleffens. De letter W út it wapen ferwiist nei de stamfaar fan de famylje: Oege Thomass, yn âlde stavering Wge Thomass.
Sjoch ek
Raard Kategory:Raard