Andrea Ehrig-Mitscherlich (Dresden, 1 desimber 1960) is in earder Dútsk reedrydster. Wilens har karriêre kaam se út foar it doetiidske East-Dútslân. Se is ek wol bekend ûnder har troude nammen Andrea Schöne, en Andrea Ehrig.
As 15 jierrige wûn Mitscherlich op de Olympyske Winterspelen 1976 yn Innsbruck har earste medalje: sulver op de 3 km.
Yn 1982 waard se twadde op it WK allround, in jier letter, yn 1983, waard se sawol Europeesk- as Wrâldkampioen allround, yn 1985 helle se dizze dûbeldslach op 'en nij. Wêrnei't se yn 1986, 1987 en 1988 allinne noch Europeesk kampioen waard. By de WK's fan 1982, 1984, 1986 en 1987 einige se as twadde yn it klassemint, hieltyd efter har lângenoate Karin Enke.
Op de Olympyske Winterspullen 1988 yn it Kanadeeske Calgary fûn Mitscherlich de Nederlânske Yvonne van Gennip op har wei. Efter Van Gennip waard se twadde op de 3 en 5 km, en tredde op de 1500 meter. Fuort nei dizze Winterspullen beëinige se har reedriid karriêre.
Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 40,7122 febrewaris 1988 Olympic Oval, Calgary1000 meter1.19,3226 febrewaris 1988 Olympic Oval, Calgary1500 meter2.01,0022 maart 1986 Medeo, Alma-Ata3 km4.12,09 23 febrewaris 1988 Olympic Oval, Calgary5 km7.17,1228 febrewaris 1988 Olympic Oval, Calgary
Resultaten jier EKAllround WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 1976 1500 m, 10e3 km, 1980 1500 m, 6e3 km, 4e19826e 19836e1984 1000 m, 1500 m, 3 km, 19854e19866e19874e1988 6e500 m, 10e1000 m, 4e1500 m, 3 km, 5 km,
Kategory:Dútsk reedrider Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1960