Knut Johannesen (Oslo, 6 novimber 1933) in earder Noarsk reedrider. Alve jier lang, fan 1954 oant 1964, wie Johannesen ien fan de bettere reedriders fan de wrâld.

Hy die tsien kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, alve kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1956, 1960 en 1964). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear wrâldkampioen, twa kear Europeesk kampioen en twa kear Olympyske kampioen. Hy waard ek acht kear Noarsk allround kampioen. Ta eare fan syn tachtichste jierdei waard yn 2013 yn Oslo, by it Bislettstadion yn de hoeke dêr't de Sofies gate, de Bislettgata en de Sofies plass inoar krúse, in stânbyld fan Knut Johannesen pleatst.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 42,328 febrewaris 1960 Olympic Skating Rink, Squaw Valley1000 meter1.31,02 febrewaris 1954 Eisstadion Davos, Davos1500 meter2.09,424 febrewaris 1963 Wind Park Skating Rink, Karuizawa3 km4.28,711 febrewaris 1964 Bislettstadion, Oslo5 km7.37,826 jannewaris 1963 Bislettstadion, Oslo10 km15.42,919 jannewaris 1964 Bislettstadion, Oslo

Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 195412e 195511e5e19567e1500 m, 9e5 km, 8ste10 km, 195719585e19594e19607e500 m, 20ste1500 m, 11e5 km, 10 km, 19615e11e19625e7e196319644e5 km, 10 km.

Kategory:Noarsk reedrider Kategory:Noarsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1933