Gianni Petrus Cornelis Romme (Lage Zwaluwe, 12 febrewaris 1973) is in earder Nederlânsk reedrider.
Romme die trije kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fjouwer kear oan it Europeesk kampioenskip, twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1998 en 2002). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear wrâldkampioen, ien kear Europeesk kampioen en twa kear Olympyske kampioen. Hy waard ek trije kear Nederlânsk allround kampioen. Gianni die acht kear mei oan it wrâldkampioenskip ofstannen, dêr behelle hy om't er tige spesjalisearre wie yn de 5 en de 10 km. syn measte suksessen. Yn 2006 stopte Romme mei reedriden op heech nivo. Nei syn kariêre as langebaanrider waard Gianni Romme trainer, Earst fan de Dútske reedrydster Anni Friesinger, en letter in pear jier bûnscoach fan Itaalje. Fan 2016 oant en mei 2022 wie Romme manager fan iisbaan Twinte, begjin 2023 waard er manager by de iisbaan fan Breda.tubantia.nl, 11-01-23, Oud-schaatskampioen Gianni Romme vertrekt bij IJsbaan Twente
Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 36,972 febrewaris 2002 Utah Olympic Oval, Salt Lake City1000 meter1.14,3311 desimber 1999 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell1500 meter1.47,882 febrewaris 2002 Utah Olympic Oval, Salt Lake City3 km3.40,023 febrewaris 2002 Utah Olympic Oval, Salt Lake City5 km6.14,7020 novimber 2004 Sportforum Hohenschönhausen, Berlyn10 km13.03,4026 novimber 2000 Thialf, It Hearrenfean
Resultaten jier NKOfstannen NKAllround EKAllround WKAllround WKOfstannen OlympyskeSpullen 1992 9e 19935 km, 11e10 km, 9e 11e 19941000 m, 12e1500 m, 9e5 km, 5e10 km, 6e6e 19951500 m, 6e5 km, 17e10 km, 4e5e 19965 km, 10 km, 5 km, 10 km, 1997 5 km, 10 km, 1998 5 km, 10 km, 5 km, 10 km, 19991500 m, 125 km, 10 km, 15e 5 km, 10 km, 2000 5 km, 10 km, 20011500 m, 5 km, Net finisht 5 km, 20021500 m, 15e5 km, Diskwalifisearre 10 km, 20031500 m, 4e5 km, 10 km, 7e 20041500 m, 7e5 km, 5e10 km, 7e4e4e 5 km, 10 km, 9e20055 km, 10 km, 5e 20061500 m, 11e5 km, 5e10 km, 5e6e19e
Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1973