Natalja Anatoljevna Petrûsjova (Pavlovski Posad, 2 septimber 1955 - 28 novimber 2025) wie in earder Russysk reedrydster dy't útkaam foar de Sovjetuny.
Petrûsjova die fiif kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1980 en 1984). Sy waard by dizze kampioenskippen twa kear wrâldkampioen allround, ien kear wrâldkampioen sprint en ien kear Olympysk kampioen.
Nei 1982 kamen de East-Dútske rydsters op en wûn Petrûsjova gjin kampioenskip mear. De Russyske skerpe noch wol trije wrâldrekôrs oan. Petrûsjova boaske mei de Russyske reedrider en trainer Vladimir Komarov.
Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 40,5124 maart 1984 Medeo, Alma-Ata1000 meter1.19,3126 maart 1983 Medeo, Alma-Ata1500 meter2.04,0425 maart 1983 Medeo, Alma-Ata3 km4.29,3126 desimber 1980 Medeo, Alma-Ata5 km7.51,823 augustus 1981 Leningrad
Resultaten jier EKAllround WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 1979 1980 500 m, 1000 m, 1500 m, 8e3 km, 8e198119821983 1984 4e9e500 m, 6e1000 m, 1500 m, 3 km, 9e19859e
Kategory:Russysk reedrider Kategory:Russysk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1955 Kategory:Persoan stoarn yn 2025