Lidija Pavlovna Skoblikova (Zlato-oest, 8 maart 1939) is in earder Russysk reedrydster dy't útkaam foar de Sovjetuny.

Skoblikova die acht kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1960, 1964 en 1968). Sy waard by dizze kampioenskippen twa kear wrâldkampioen, en seis kear Olympyske kampioen. Yn de twadde helte fan de jierren 60 moast se har dominante posysje by ynternasjonale eveneminten ôfstean oan de opkommende Nederlânske rydsters, earst oan Stien Kaiser, folge troch Carry Geijssen en Ans Schut. De yn 2005 iepene iisbaan fan Tsjeljabinsk, waard nei Skoblikova neamd yn de foar fan har bynamme Oeralskaja Molnija (It wjerljocht fan de Oeral).

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 45,030 jannewaris 1964 Olympia Eisstadion Innsbruck, Innsbruck1000 meter1.31,822 febrewaris 1963 Wind Park Skating Rink, Karuizawa1500 meter2.21,827 jannewaris 1962 Medeo, Alma-Ata3 km5.04,212 jannewaris 1964 Tsjeljabinsk

Resultaten jier WKAllround OlympyskeSpullen 195919601000 m, 4e1500 m, 3 km, 1961196219631964500 m, 1000 m, 1500 m, 3 km, 19674e19687e1500 m, 11e3 km, 6e

Kategory:Russysk reedrider Kategory:Russysk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1939