Shani Earl Davis (Chicago, 13 augustus 1982) is in earder Amerikaansk reedrider. Achttjin jier lang, fan 2000 oant 2018, wie Davis ien fan de bêste reedriders fan de wrâld.
Davis begûn as lyts jonkje op roltsjeredens mar stapte op advys fan de wurkjouwer fan syn mem oer nei it iis, dêr't er ynearsten meidie by it Shorttrack en op de langebaan. Hy bliek yn beide dissiplinen goed te wêzen, mar syn foarkar gie út nei de langebaan.
Davis die sân kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, njoggen kear stie der oan de start by it Wrâldkampioenskip sprint en fjouwer kear die er mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 2006, 2010 en 2014). En starte tsien kear op de Wrâldkampioenskippen ôfstannen, werby't er meardere medaljes wûn. Twa kear in gouden medalje op de Olympyske Spullen, twa kear Wrâldkampioen Allround 2005 en 2006 en ien kear wrâldkampioen sprint. Nei de Olympyske Winterspullen fan 2018 yn Pyeongchang hold Davis op mei reedriden op heech nivo.
Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 34,786 maart 2009 Utah Olympic Oval, Salt Lake City1000 meter1.06,427 maart 2009 Utah Olympic Oval, Salt Lake City1500 meter1.41,0411 desimber 2009 Utah Olympic Oval, Salt Lake City3 km3.41,4323 septimber 2017 Olympic Oval, Calgary5 km6.10,4918 maart 2006 Olympic Oval, Calgary10 km13.05,9419 maart 2006 Olympic Oval, Calgary
Resultaten jier WKAllround WKSprint WKOfstannen OlympyskeSpullen 200316e 2004 1500 m, 5 km, 16e10 km, 11e20057e 20068ste 1000 m, 1500 m, 5 km, 7e20076e1000 m, 1500 m, 5 km, 10e2008 1000 m, 1500 m, 5 km, 5e2009 500 m, 20ste1000 m, 1500 m, 2010 500 m, Net finisht1000 m, 1500 m, 5 km, 12e20117e500 m, 9e1000 m, 1500 m, ploege-efterfolging, 2012 5e1000 m, 1500 m, 4eploege-efterfolging, 2013 1000 m, 1500 m, 2014 2015 25ste1000 m, 1500 m, 4e2016 13e1000 m, 5e1500 m, 5e2017 1000 m, 5e1500 m, 11e2017 1000 m, 7e1500 m, 19e
Kategory:Amerikaansk reedrider Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk sporter fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1982