Bernt Sverre Evensen (Oslo, 8 april 1905 - Oslo, 24 augustus 1979) wie in Noarsk reedrider.

Bernt Evensen wûn op de Olympyske Winterspullen fan 1928 yn Sankt Moritz as earste Noarske reedrider in Olympyske gouden medalje. Hy waard op de 500 meter dield earste mei Clas Thunberg út Finlân. Boppedat wûn er de sulveren medalje op de 1500 meter en in brûnzen op de 5 kilometer. Hy stie sels op in twadde plak op de 10 kilometer, mei mar 0,1 sekonden efterstân op de Amerikaanske reedrider Irving Jaffee, doe't de wedstriid ôfsein waard fanwegen teiwaar. Fjouwer jier letter wûn hy op de Winterspullen fan 1932 yn Lake Placid noch in sulveren medalje op de 500 meter. Lykwols wie mei dizze medalje, tegearre mei lângenoat Ivar Ballangrud, de iennige Europeeske medaljewinner. Dit kaam benammen ek om't de measte Europeeske reedriders net meidiene oan it toernoai fanwegen de Amerikaanske wize fan starten mei in massastart, alle dielnimmers tagelyk op de baan.

Njonken Olympysk sukses waard Evensen ek Europeesk kampioen allround yn 1927, en twa kear Wrâldkampioen allround (1927 en 1934).

Bernt Evensen ferstoar op 24 augustus 1979, yn 'e aldens fan 74 jier.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 43,213 jannewaris 1934 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.31,912 febrewaris 1937 Frognerstadion, Oslo1500 meter2.20,64 febrewaris 1928 Eisstadion Davos, Davos3 km5.01,06 jannewaris 1934 Frognerstadion, Oslo5 km8.36,714 jannewaris 1934 Eisstadion Davos, Davos10 km17.30,25 febrewaris 1928 Eisstadion Davos, Davos

Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 1925 14e1926 19271928500 m, 1500 m, 5 km, 19314e1932 500 m, 5 km, 6e10 km, 6e1933 19e1934 1935

Kategory:Noarsk reedrider Kategory:Noarsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1979