Cindy Klassen (Winnipeg, 12 augustus 1979) is in earder Kanadeesk reedrydster. Se waard yn 2006 Olympysk kampioen op de 1500 meter en waard twa kear wrâldkampioen allround.

Klassen komt út in fermidden fan Ruslânminnisten, Dútsktalige minnisten dy't har yn de achttjinde iuw yn it Keizerryk Ruslân nei wenjen setten en nei de fêstiging fan de Sovjet-Uny oan it begjin fan de tweintichtse iuw nei Noard-Amearika flechten. Hja wie in goede iishockeyspylster, yn har jonge jierren spile se foar it nasjonale jeugdteam fan Kanada. Doe't bliken die dat se net selektearre waard foar de Olympyske Spullen fan 1998 stapte se oer op it reedriden. Se wie doe al achttjin jier, mar bliek in talint. Klassen die acht kear mei oan it WK allround en trije kear naam sy diel oan de Olympyske Winterspullen (2002, 2006 en 2010).

Klassen har karriêre waard geregeld oerskaad troch maleur, sa rekke se foar it seizoen 2003/2004 swier blessearre nei't se by in fal by in training tsjin in oare reedrydster gliden wie en dy syn redens yn har rjochter ûnderearm snien. Ta gefolch fan dizze falpartij waarden tolve sinen yn har ûnderearm trochsnien. Yn 2008 die Klassen net mei oan it WK Allround yn Berlyn om't har suske belútsen rekke wie by in slim auto ûngelok en yn kritike tastân yn it sikehûs opnaam wie. It seizoen 2008-2009 liet Klassen oan har foarby gean om't se in operaasje oan har knibbels ûndergean hie. Yn 2015 hold Klassen op mei reedriden op heech nivo.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 37,5118 maart 2006 Olympic Oval, Calgary1000 meter1.13,1125 maart 2006 Olympic Oval, Calgary1500 meter1.51,7920 novimber 2005 Utah Olympic Oval, Salt Lake City3 km3.53,3418 maart 2006 Olympic Oval, Calgary5 km6.48,9719 maart 2006 Olympic Oval, Calgary10 km15.17,6325 maart 2002 Thialf, It Hearrenfean

Resultaten jier WKAllround WKSprint WKôfstannen OlympyskeSpullen 200013e 500 m, 21e1000 m, 15e1500 m, 12e3 km, 11e 20014e11e 1000 m, 7e1500 m, 3 km, 4e 2002 1000 m, 13e1500 m, 4e3 km, 5 km, 4e20031000 m, 1500 m, 10e3 km, 11e2004 1000 m, 1500 m, 20058e1000 m, 4e1500 m, 3 km, ploege-efterfolging 2006 1000 m, 1500 m, 3 km, 5 km, ploege-efterfolging 20071500 m, 3 km, 201011e 1500 m, 21ste3 km, 14e3 km, 12e20115e 1500 m, 8e3 km, 9e5 km, 7eploege-efterfolging 20125e 1500 m, 4e3 km, 6e5 km, 7eploege-efterfolging 2013 3 km, 19e5 km, 16e

Kategory:Kanadeesk reedrider Kategory:Kanadeesk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Kanadeesk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1979