Hjalmar Johan (Hjallis) Andersen (Rødøy, 12 maart 1923 - Oslo, 27 maart 2013) wie in Noarsk reedrider. Hy wûn trije gouden medaljes op de Olympyske Winterspullen fan 1952 en waard trije kear Europeesk en Wrâldkampioen Allround. Hjalmar Andersen wie de pake fan de eardere Noarske reedrider Fredrik van der Horst.

Andersen die trije kear mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 1948, 1952 en 1956). By syn olympysk debút yn 1948 die Hjalmar alline mei oan de 10 km, mar helle troch it minne waar de finish net. Fjouwer jier letter dominearre er it toernoai by de spullen yn Oslo. Hy wûn de 1500 meter, 5 km en de 10 km, iderkear foar in Nederlanner: twa kear Kees Broekman en ien kear Wim van der Voort. Syn foarsprong op Broekman op de 10 kilometer (24,8 sekonden) is noch altyd de grutste foarsprong yn de Olympyske histoarje fan it reedriden.

Nei de Spullen fan Oslo yn 1952 woe er ophâlde, mar twa jier letter stie Andersen alwer op it iis. Ynternasjonale titels wûn er lykwols net mear.

Hjalmar Andersen ferstoar op 27 maart 2013, yn 'e aldens fan 90 jier.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 43,713 jannewaris 1951 Øya Stadion, Trondheim1000 meter1.30,61 febrewaris 1954 Eisstadion Davos, Davos1500 meter2.16,46 febrewaris 1949 Eisstadion Davos, Davos3 km4.49,630 jannewaris 1954 Eisstadion Davos, Davos5 km8.06,529 jannewaris 1956 Lago di Misurina, Misurina10 km16.32,610 febrewaris 1952 Hamar stadion, Hamar

Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 1948 10 km, Net Finisht19496e1950195119521500 m, 5 km, 10 km, 19546e195517e9e1956 Net finisht5 km, 11e10 km, 6e

Kategory:Noarsk reedrider Kategory:Noarsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn yn 2013