Maria Grigorjevna Isakova (Vjatka, 5 july 1920 - Moskou, 25 maart 2011) wie in Russysk reedrydster dy't útkaam foar de Sovjetuny.
Isakova begûn as jong famke mei it reedriden, en as foar't se 16 jier âld wie die se al mei oan it Sovjetkampioenskip fan 1936. Om mei dwaan te kinnen liigde se oer har leeftiid, omdat se doe eins noch te jong wie om mei te dwaan te meien. De bertedatum 5 july 1918 dy't doe opjûn is, is noch geregeld wei werom te finen yn artikels oer har. Maria Isakova by Lars Finsen and Platon Ippolitov Op it Sovjetkampioenskip fan 1936 behelle se in 5e plak yn it einklassemint, nei't se op de 500 meter ûnderút gien wie. Op de oare trije ôfstannen behelle se in 3e plak. Yn 1937 en 1938 einige se as 4e, yn 1944 wûn se sulver. It oare jier, en de fjouwer jier dêrnei, waard se allround kampioene fan de Sovjetuny, fiif kear op rige. Maria Isakova hat trije kear meidien oan de wrâldkampioenskippen reedriden en alle trije de kearen waard se wrâldkampioen. Se waard dêrmei de twadde reedrydster dy't trije kear wrâldkampioene waard (nei Laila Schou Nilsen) en de earste rydster dy't trije kampioenskippen op rige wûn. Troch seleksjekritearia sa't dy yn de Sovjetuny hantearre waarden, mocht se nea útkomme op de Olympyske Winterspullen. Maria Grigorjevna Isakova ferstoar op 25 maart 2011, yn 'e aldens fan 91 jier.
Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter47,78 jannewaris 1952 Medeo, Alma-Ata1000 meter1.37,216 febrewaris 1951 Medeo, Alma-Ata1500 meter2.29,512 febrewaris 1951 Medeo, Alma-Ata3 km5.21,723 jannewaris 1953 Medeo, Alma-Ata5 km9.32,01 febrewaris 1949 TsDKA Stadion, Moskou
Resultaten jier WKAllround194819491950
Kategory:Russysk reedrider Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2011