thumb|Joaden en Roma monumint in Drachten
Drachten is it haadplak fan de gemeente Smellingerlân en is mei ynwenners ek it grutste plak fan de gemeente. It is in flekke yn it easten fan de provinsje Fryslân mei mear as 22.000 arbeidsplakken. Nei Ljouwert is Drachten it twadgrutste plak fan de provinsje Fryslân.
De namme 'Drachten', foarhinne 'Dragten', is nei alle gedachten ôflaat fan 'Drait'. De Drait wie en is in streamke dat útkaam yn de Smelle Ie. It gebiet eastlik fan it plak hie in soad heechfean. Noarder Drachten (noardeast de Drait) is nei de oanlis fan de Drachtster Feart yn 1641 mei Suder Drachten (súdeast de Drait) útgroeid ta Drachten.
Skiednis
Drachten is ûntstien oan 'e eastside fan it rivierke 'De Drait'. Om it jier 1200 hinne waard der in lytse stiennen tsjerke set (op it plak fan de hjoeddeiske tsjerke 'de Arke'). Dy tsjerke is sa'n 200 jier brûkt, oant it opkommend wetter de minsken fierder nei it easten dreau. Dêr ûntstienen Noarder Drachten en Suder Drachten.
Om 1550 hinne wie de Hollânske feanreserve op. Turf wie in wichtige enerzjyboarne wurden foar partikulieren en yndustry en der waard ûnder oaren sjoen nei ûntginningsmooglikheden yn Fryslân. It ferlet fan it hurd waaksjende Hollân yn de 17e iuw wie lykwols grutter as dat Fryslân leverje koe.
Yn 1641 gienen de boeren fan Noarder Drachten en Suder Drachten in oerienkomst oan mei begoedige lju út De Haach, de 'Drachtster Kompanjons'. Ien fan dy jildsjitters wie sakeman Passchier Hendriks Bolleman út De Haach. Yn de oerienkomst waard fêstlein dat de turf út Smellingerlân allinne ornearre wie foar de Hollânske yndustry. Foar it ferfier mei skippen waard de Drachtster Kompanjonsfeart, de Dwersfeart en guon wiken oanlein. 800 arbeiders hawwe in jier lang oan 't dollen en kroadzjen west om dat klear te krijen. Op it plak dêr't de nije feart en de âlde wei fan noard- nei Súd-Drachten elkoar krústen ûntstie Drachten. Der ûntstienen yn it gebiet ek skipshellingen, herbergen, winkels, touslaggerijen, ensafuorthinne. It ekonomyske súkses fan de turfdollerij duorre lykwols net sa lang (it hat sels laat ta Passchier Bolleman's fallisemint). Doe't it ferfeantsjen dien wie, bleaune earme arbeiders efter; guon waarden gernier, mar de measten wienen net sa gelokkich. It hat oant begjin 19e iuw duorre ear't de beide Drachtens offisjeel ien bestjoerlike ienheid foarmen.<ref>, Geschiedenis van Smallingerland. De Tille - Ljouwert, 1976.</ref> Om 1830 waard der in gemeentehûs set en ferhuzen in soad notabelen fan Aldegea nei Drachten.
Drachten hat nea stedsrjochten krige, dat it is noch hieltyd in flekke (allinnich troch grutte, yndustry en iepenbiere foarsjenningen wurdt Drachten faak in stêd neamd). Begjin jierren fyftich fan de 20e iuw hie it plak tsientûzen ynwenners. Yn 1950 kaam der in fabryk fan Philips wêrnei't it tal ynwenners hurd omheech gie.
Religy Drachten hat lange tiid de grutste grifformearde gemeente fan Nederlân hân.
Yn Drachten stiet de Frije Baptistegemeente Bethel. Dy baptistegemeente is ûnder dûmny Orlando Bottenbley bot groeid.
Neist dy tsjerke binne noch in soad tsjerklike denominaasjes yn Drachten fertsjintwurdige, lykas grifformearde tsjerken, herfoarme gemeenten, de PKN, de roomsk-katolike tsjerke, pinkstergemeenten ensafuorthinne.
Troch it asylsikerssintrum is der ek in lytse moslim-mienskip.
</center>
Wiken
Drachten Sintrum Noardeast De Bouwen De Swetten De Wiken De Peppel De Venen De Singels De Drait De FolgerenDe Trisken De Sâning Moarrepark Finnepark Himsterhout Burmaniapark Drachtster Feart Frijburch (yn ûntwikkeling) Drachten East (takomstige wyk) Drachten Súd (takomstige wyk)
</center>
Wapen en flagge 153x103px|Wapen fan Drachten 153x103px|Flagge fan Drachten Wapen en flagge fan Drachten Drachten fiert in wapen mei sulveren eftergrûn mei trije swarte turven deryn, pleatst twa-ien. In ienfâldich wapen dat ferwiist nei it feantsjen. Op de Nederlânske-Herfoarme tsjerke fan 1743 is op 'e toer in wynwizer setten: trije turven mei in kroane derop en by elkoar holden troch in bânmotyf yn "régence"-styl.
Op fersyk fan de stifting It Drachtster skûtsje: De Twee Gebroeders is der in flagge makke foar de flekke Drachten, yn ferbân mei de iepening fan de skouboarch De Lawei. De stifting hie al in rûge skets makke mei de wynwizer deryn. De Fryske Rie foar Heraldyk hat it idee mei beide hannen oanpakt en hat dat ferwurke yn de flagge. Dy kin no sa omskreaun wurde: Twa likelange banen; de boppeste read mei dêrop de giele wynwizer fan de Herfoarme Tsjerke, te witten trije turven mei in kroan fan trije fleurons en twa pearels, by elkoar bûn troch bannen yn régence-styl; de ûnderste besteande út sân likehege banen fan wyt en swart ensafh... Sa is besocht op in evenredige wize Drachten út te byldzjen: "in fleurige flekke, ûntstien út de ferfeaning."
Ynfrastruktuer thumb|Bus fan Drachten nei Ljouwert
Auto Drachten leit oan de autosneldyk A7 tusken It Hearrenfean en Grins, oan de N31 nei Ljouwert en oan de N381 nei Emmen (Drinte).
Iepenbier Ferfier
Treinferbining Drachten is ien fan de pear gruttere Nederlânske plakken sûnder treinferbining, en nei alle gedachten sels it grutste Nederlânske plak sûnder spoarferbining (fan hokfoar soart spoar dan ek, brûkt as net-brûkt); de spoarline Grins - Drachten, (in âlde tramline dy't nei de oarloch foar frachtferfier brûkt is) is yn 1985 sluten. Dêryn hie feroaring komme kinnen at it Suderseespoar tusken Skiphol en Grins oanlein wie, mar dat is net bard. Plannen fan in lightrail-ferbining mei Grins en It Hearrenfean binne ek net trochgien.
Bustsjinst Troch Drachten rinne de folgjende busline:
Streekbussen:
Line 12: Bûtenpost - Drachten fia Surhústerfean Line 13: Ljouwert - Drachten fia Surhústerfean Line 14: Drachten - Easterwâlde fia Bakkefean Line 20: Ljouwert - It Hearrenfean fia Drachten en De Gordyk Line 21: Ljouwert - Drachten fia Burgum Line 23: It Hearrenfean - Drachten fia De Tynje Line 27: It Hearrrenfean - Drachten fia Akkrum en Beetstersweach Line 55: Dokkum - Drachten fia Feanwâlden Line 84: Drachten - Assen fia Haulerwyk
Snelbussen:
Line 304: Grins - Drachten Line 314: Grins - Drachten Line 315: Emmeloard - Grins fia Drachten Line 320: Ljouwert - It Hearrenfean fia Drachten Line 324: It Hearrenfean - Grins fia Drachten Line 356: Dokkum - Drachten fia Feanwâlden Line 380: Drachten - Assen fia Easterwâlde
De buslinen troch Drachten wurde fersoarge troch Qbuzz, sawol bussen fan de konsesje Fryslân as de konsesje Grinslân-Drinte.
Fleanfjild Drachten hat ek in fleanfjildsje: Fleanfjild Drachten, in earder airstrip fan Philips.
Wetterwegen Nei it yndustryterrein de Haven rint de Farwei Drachten. Dy farwei is ferbûn mei it Prinses Margrietkanaal en sa mei it lanlike farwegenet.
Fytsbrêgen Yn it foarjier fan 2006 waarden yn Drachten twa unike fytsbrêgen iepene: De Ring is in fytsbrêge oer de autosneldyk A7 en is in mienskiplik projekt fan de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân. thumb|right|250px|De Slinger De Slinger is in fytsbrêge oer de Suderhegewei fan de Oerstesingel ôf nei de Ikesingel. Mei de 240 meter lingte is it de grutste fytsbrêge yn Noard-Nederlân. De brêge is boppe in rotonde boud en dy beide soargje tegearre foar in goede trochstreaming fan it ferkear. Eardat de rotonde oanlein waard moasten fytsers en fuotgongers fia in oerstekplak mei ferkearsljochten oer it krúspunt hinne. Dat levere in soad files op, omdat it krúspunt flakby de ôfrit fan de autodyk leit. De brêge sels is frij steil te neamen, wat in pear problemen opleveret foar âlderein en bern. Gelokkich is der yn it midden fan de brêge in útsjochplak makke, dêr't op it oare ferkear delsjoen wurde kin. Om it platfoarm is in stek mei spilen. Dêrboppe sit noch in grutte kegel dy de totale híchte fan de brêge 30 meter makket. Jûns is de hiele fytsbrêge ferljochte.
Yndustry Sûnt 1950 sit yn Drachten in fabryk fan it Nederlânske elektroanikakonsern Philips, dêr't de wrâldferneamde Philishave-skearapparaten makke wurde. It fabryk begûn yn 1950 mei 14 meiwurkers. Underwilens wurkje der twatûzen minsken.
Yn Drachten is ek it grutste yndustryterrein fan Noard-Nederlân: Yndustryterrein de Haven. Oan de oare kant fan Drachten is súdlik fan de A7, oan de súdwestkant fan knooppunt Drachten is yndustryterrein Asân-Súd oanlein, alhoewol't dat terrein feitlik yn de gemeente Opsterlân leit. Oan de noardeastkant fan it knooppunt Drachten leit yndustryterrein Asân-Noard.
Kultuer en rekreaasje thumb|left|Teäter De Lawei 250px|thumb|Monumintaal pân yn it sintrum fan Drachten Drachten hat in grut en modern teäter: De Lawei en in jongereinsintrum/poppoadium Iduna . It Museum Dr8888, sit yn in âld kleaster. It toant wurk fan Fryske keunstners as Pier Pander en Sjoerd de Roos, en hat dêrneist oar wurk fan De Styl-keunstner Theo van Doesburg, syn Drachtster geastbesibben de bruorren Evert en Thijs Rinsema, en de Dada-keunstner Kurt Schwitters. Yn Drachten is noch altyd in wenwyk te finen dy't skildere is neffens in ûntwerp fan Van Doesburg út 1921. Fanwegens de primêre kleuren dy't Van Doesburg foarskreau, wurdt de wyk de Papegaaiebuert neamd. Drachten hat fierders in subtropysk swimparadys mei in 50 meter wedstriidbad. Breedtesport kin yn Drachten treflik barre yn ferskate sportakkommodaasjes. Dêrneist is der in grut oanbod foar handikaptensport, en sporten as karate, honkbal, bôge- en gewearsjitten. Drachten docht ek mei oan it skûtsjesilen, mei twa skûtsjes :d'Halve Maen en Drachten.
It útgeanslibben spilet him benammen ôf op De Kaaien, in buert yn it sintrum, dat opdield is yn twa strjitten: Noard- en Súdkaai. De buert leit oan sintrum-west en grinzet oan de wiken: Noardeast, De Bouwen en De Wiken eastlik. De Kaden is sawol winkelgebiet as útgeanssintrum. De Kaden hat meardere kafees / bars, coffeeshops, diskoteken, pizzeria's, restaurants en snackbars. Ek binne der dart-bowling-en poalsintra. It is de grutste útgeansstrjitte fan Drachten.
Blauwe wei thumb|right|250px|It kariljon fan Drachten Ut ierde binnen wy berne It fjoer stutsen wy út de grûn Ta wolfeart woe it wetter ús drage De loft hat it tankliet ús jûn As tarieding op de oanlis fan de Drachtster Feart yn in Moleneind ûntwurp keunstner Henk Hofstra in symboalyske blauwe wei mei in ôfmjitting fan tsien by tûzen meter. Dêryn ferskynt yn it wyt de tekst Wetter is libben, wat teffens de titel fan it keunstwurk is. Dat late ta in soad protest fan de omwenners, omdat se hjir foarôf net of kwealik fan op 'e hichte brocht binne. Ek koste it tydlike projekt de gemeente in bedrach fan € 37.500. De blauwe wei levere Drachten wol in oantal berjochten yn de nasjonale en ek ynternasjonale parse op.
Sport Drachten hat in subtropysk swimparadys, De Welle, mei in 50 meter wedstriidbad. Breedtesport kin yn Drachten dien wurde yn meardere sportakkommodaasjes. Dêrneist is der in ferskaat oanbod fan handikaptesport, en sporten as karate, honkbal, bôge- en gewearsjitten. Drachten hat sûnt 2005 ek in eigen skeelerbaan.
Drachten docht ek mei oan it skûtsjesilen, mei twa skûtsjes: d'Halve Maen en Drachten. Sportferienings:
Befolking Nei de Twadde Wrâldkriich is Drachten hurd groeid. Yn 1950 krige Drachten syn 10.000e bewenner.
De histoaryske befolkingsûntjouwing fan Drachten:
Freonskipsbân mei Gobabis Yn 2010 bestie de bân mei Gobabis 15 jier. Yn dy tiid binne ferskate projekten opset mei jildlike- en saakkundige stipe fan Smellingerlân. Beide gemeenten hawwe omtinken jûn oan saken as: húsfestjen, ferwurking fan smoargens, ferbettering fan de brânwacht, it foarkommen fan HIV/Aids en it opsetten fan kompjûterûnderwiis. Guon projekten hawwe al laat ta ferbetterings, benammen ûnder de meast earmen. Ut tank hat de gemeente Gobabis, by gelegenheid fan it 15 jierrich jubileum fan de bân, in nije wenwyk nei wethâlder Jan Rozema neamd, de 'Rozema Heights'.Breeduit. 15 jaar Gobabis en Smallingerland, 4 maart 2010
Strjitten De strjitten yn Drachten.