Drachtster Kompenije of De Kompenije is in doarp noardeast fan Drachten yn 'e gemeente Smellingerlân. Under it doarp falle ek de buorskippen Luchtenfjild, Puntpeal en in part fan De Skieding.
Yn 'e Kompenije wenje ()https://opendata.cbs.nl/statline minsken.
Skiednis thumb|left|De NH-tsjerke yn 1966 Kompenije ferwiist nei de Keulske magnaten, dy't om 1570 it fean tusken De Like en Drachten kochten en dy "compagniesvenen" mei de Grinslânske famylje Ewsum as fennoaten oanmakken foar de turfwinning.Dr. M. Hartgerink-Koomans: Het Geslacht Ewsum, Groningen 1938. Yn de notariële oprjochtingsakte fan 1772 waard foar it earst skreaun oer de heechfeankoloanje Kompenije. Oan de lange rjochte stikken lân, de wiken en de elzesingels falt de skiednis fan de ferfeanting noch ôf te lêzen. It graven fan turf barde tusken de 17e iuw oant midden 19e iuw. Dêrnei waard de grûn ta greidlân makke. Yn 'e earste helte fan de 19e iuw ûntstie stadichoan in buorren. Yn 1834 waard de earste iepenbiere skoalle boud, dy't yn 1898 ferfongen waard troch yn nijenien mei fjouwer lokalen. Yn 1850 krige de Nederlânsk-herfoarme gemeente in eigen tsjerke. Dy baarnde yn 1979 ôf, mar waard doe al net meer as tsjerke brûkt.
Yn 1900 krige it doarp in lyts partikulier molkfabrykje oan de Siktaris Eringawyk. Oan 'e noardlike kant fan de Marrewyk oan 'e Fallaetswei folge yn 1908 de bou fan in grutte molkfabryk, dy't yn 1915 it partikuliere molkfabrykje fan 'e Rottefalle oernaam. It molkfabryk hold it oant 1933 fol, doe't Burgum de produksje oernaam.Suvelfabriken yn Fryslân
Troch de De Kompenije lei sûnt 1913 de trambaan Drachten-Grins. Nei de Twadde Wrâldkriich namen bustsjinsten fan de NTM fan de tram it reizgersferfier oer, mar noch oant healwei de jierren 1980 bleau it 'Philipslyntsje' iepen foar frachtferfier.De Ferhalen fan Grins, oproppen 4 juny 2023
Op 8 septimber 1941 waard om 04:58 oere in Britske tastel troch de Oberstleutnant Helmut Lent delsketten, dat ûnderweis nei Berlyn wie om dêr in bombardemint út te fieren. It tastel stoartte del yn 'e Kompenije. Alle seis manlju fan it RAF-tastel kamen om en binne op it tsjerkhôf fan 'e Kompenije beïerdige.aviation-safety.net, oproppen 3 juny 2023
Sûnt healwei de jierren 1970 is it doarp oan wjerskanten fan 'e Tsjerkebuorren foars útwreide mei nijbou. Mienskip thumb|260px|Multyfunksjoneel sintrum It doarp hat sûnt 1933 in feriening foar Pleatslik Belang, dat de doarpskrante De Barte útjout. Oan de Smidswei waard yn 2022 by it sportpark it multyfunksjoneel sintrum It Trefpunt iepene, dêr't de skoalle, de sportaktiviteiten en it doarpshûs ûnderbrocht binne.Doarpsside, 4 septimber 2022 Tsjerke thumb|260px|PKN-tsjerke PKN De Kompenije
Skoalle Gearwurkingsskoalle De Frissel
Ferieningen De sportferienings binne ûnder de koepel Troch Freonskip Sterk ûnderbrocht. Der is ek in kommisje foar de Skoal- en Doarpsfeesten. Aldereinsoas Biljertferiening Krijt uw topje Blaaskapel De Kompenije Dartferiening Troch Freonskip Sterk Doarpshelp Ta jo tsjinst Fiskklub De Fiskerswille Froulju fan no Fûgelwacht De Kompenije-Boelensloane-De Houtigehage-De Rottefalle Fuotbalferiening Troch Freonskip Sterk Gymnastyk húsfroulju Hynstesport Drako Ruters Iisklub Drachtster Kompenije Kristlike brassband Halleluja Kuorbalferiening Troch Freonskip Sterk Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije Postdoweferiering De Nachtvlieger Stifting Aldheidskeamer De Kompenije Toanielferiening Mei Inoar Ien (De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2012 Ynwenners 374 1240 1119 1044 968 971 1200 1172 Jier 2015 2020 Ynwenners 1137 1172
Berne thumb|260px|De Feart Jan Nicolaas Sevenster (1900-1991), teolooch Heine Keuning (1918-2005), politikus Heine van der Molen (1911–1998), skriuwer
Wapen en flagge De noardeast/súdwest rinnende wiken fan De Kompenije wurde foarsteld troch de sulveren skeanbalke op in blauwe ûndergrûn. Op de skeanbalke steane trije reade turven as symboal fan de turfgraverij. Oan de Smidwei yn it doarp stiet in monumint mei trije turven. De turf dy't hjir stutsen waard wie de saneamde lange turf en wie brún fan kleur. Om't brún neffens wapensaakkundigen gjin winske kleur is en read dêr tichtby leit, hawwe de turven dy kleur krigen. Boppedat symbolisearret de reade kleur de heechfeanheide. De gearwurking yn it ferline as kompanjons om it heechfean ôf te graven en de lettere gearwurking fan boeren yn koöperaasjes (it koöperative molkfabryk dy't yn it doarp stie) wurdt sinnebyldich foarsteld troch it frijkertier fan read en goud, lofts skean dield troch in saneamde klaversneed. De klaver is yn 'e Fryske heraldyk it symboal foar greidebesit en de dêroan ferbûne feehâlderij. It goud/giel stelt de sângrûn foar en it read de heide, dy't no ferdwûn is. By spesifike doarpsaktiviteiten wurdt de Kompenijster flagge útstutsen.
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Drachter Kompenije rint de de folgjende busline:
Line 13: Ljouwert - Drachten fia Surhústerfean
De busline troch Drachtster Kompenije Wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten thumb|260px|Tsjerkebuorren 37 (eardere herfoarme pastorij Alle strjitten yn Drachtster Kompenije.
Ferskaat Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.
Publikaasje(s) "Het Compagniester Verlaat" (2015)
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppeling om utens FB side Ald Drachtsterkompenije
Kategory:Doarp of stêd yn Smellingerlân