De Houtigehage is in doarp noardeast fan Drachten yn 'e gemeente Smellingerlân. De twa buorskippen Luchtenveld en Fianen falle ûnder De Houtigehage.
De Houtigehage hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis Oant de earste helte fan de 18e iuw lei yn 'e kontrijen heechfean. Op 'e gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1718 lizze dêr de Folger Feanen mei yn it ferlingde fan de Burmaniasleat de Hillema Gruppel. It fean waard al gau nei dy tiid yn in pear desinnia tiid ôfgroeven foar de turfwinning. Troch't de grûn net fuort yn kultuer brocht waard, ûnstie der in grut heidegebiet dat bekend stie as "de heide efter De Rottefalle". Tsjerklik foel Houtigehage ûnder De Rottefalle.
thumb|left|Tinkstien foar Johannes Antonie Visscher De Houtigehage as namme waard pas foar it earst yn 1848 neamd. Om 1900 hinne wie De Houtigehage noch jimmeroan in heidegebiet en wennen de minsken dêr yn spitketen. Dûmny Johannes Antonie Visscher hie oan it begjin fan de 20e iuw begrutsjen mei de heidebewenners en publisearre oer de arme Friesche heide. Hy hat in soad dien foar minsken en besocht minsken mei bygelyks in klompemakkerij oan it wurk te krijen. De haadstrjitte waard nei him ferneamd. thumb|left|Earste sosjale wenningbou (1909) yn Houtigehage, no museum Wenningbouferiening Smellingerlân sette doe ek útein mei in wenningbouprogram, dêr't acht wenningen oan de Skoallewyk yn 1909 de earsten fan wienen. Fan dy acht hûskes binne 2 oerbleaun. Ien dêrfan, Skoallewyk 10, is as museum fan emansipaasje en galery ynrjochte. De Houtigehage krige in jier earder de earste noch houten tsjerke, dy't út Nij Beets kaam doe't dêr't in stiennen tsjerke boud waard. Yn 1930 waard De Houtigehage in doarp en de houten tsjerke fan 'e Houtigehage waard yn 1938 ferfongen troch in stiennen tsjerke.
Nei de Twadde Wrâldoarloch wie it as mollefangersdoarp bekende Houtigehage in kommunistysk bolwurk. Der wie noch altiten in soad earmoede en de paden yn 'e Houtigehage wiene fakentiden in grutte drekboel. Begjin jierren 1950 wie de wurkleazens heger as 20% en sa'n sechtich wurkleazen gie doe út protest oan it wurk. Hja feroaren yn in wykmannich tiid in ûnbegeanber modderpaad yn in te berinnen sânpaad, de Parkenwyk. Letter waard dat sânpaad ferhurde. Yn 2007 makke de VPRO dêr yn it programma Andere Tijden in ôflevering fan.
Mienskip thumb|260px|De Huchte Oan De Buorren stiet it doarpshûs 'De Huchte', dêr't de feriening foar Doarpsbelang gearkomt.
Tsjerke thumb|260px|''Noard Jeruël
Evangelisaasjeferiening Noard-Jeruël
Skoalle thumb|260px|Iepenbiere basisskoalle De Wiksel Iepenbiere basisskoalle De Wiksel
Ferienings Feestkommisje Houtigehage Fûgelwacht De Kompenije-Boelensloane-De Houtigehage-De Rottefalle Fuotbalferiening De Houtigehage Biljertklup D.K.K. Froulju fan No Motorklub Sportlust Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2012 2015 2020 Ynwenners 902 815 787 736 761 940 908 910 910
Berne Christina Cühne (1932), aktrise en sjongeres Teäterensyklopedy, oproppen 3 juny 2023
Eveneminten Alle jierren wurdt der in grut doarpsfeest hâlden yn july. Om de trije jier is der in grutte optocht mei fersierde weinen. De Stifting Freonen fan de Wâldhúskes Houtigehage organisearret eveneminten lykas De Fryske Dei, iepenloftspul of wood carvingwedstriden.Aktyf, 25 maart 2023
Piratemuzyk De Houtigehage hie lykas ferskillende oare plakken yn 'e omjouwing in eigen piratestjoerder, dy't nei driging fan it oplizzen fan in twangsom yn 2005 stopte.Wâldnet, 30 desimber 2005 Der wie lykwols fuort wer in piratestjoerder yn 'e Houtigehage, dêr't Telecom yn 2008 in ein oan makke.Wâldnet, 12 oktober 2009 De Wâldpiraten Houtigehage organisearren yn alle gefallen noch oant 2017 in piratemaraton.Wâldpiraten op de Jongerenwebsite, oproppen 3 juny 2023 It kafee fan Houtigehage organisearret regelmjittich evenminten mei Nederlânsktalige muzyk.Facebookside Sportlust
Oarlochsmonumint De yn de Twadde Wrâldkriich omkommen ynwenners fan Houtigehage en Boelensloane wurde betocht op in mienskiplike plakkette oan de tsjerke fan Boelensloane. Foar Houtigehage wurde de nammen Siebe Bos († 1942) en Piet Keverkamp († 1945) neamd, dy't fanwegen harren wurk foar it fersprieden fan yllegale kranten oppakt waarden en yn 'e konsintraasjekampen Groß-Rosen resp. Mauthausen ferstoaren.4en5mei.nl
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch De Houtigehage rint de folgjende busline:
Line 13: Ljouwert - Drachten fia Surhústerfean
De busline troch De Houtigehage wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten thumb|260px|Skoallewyk Boelenswei, Buorren, De Linebeammen, De Pikstiennen, De Skieding, Ds. De Visscherwei, Dúnoardswei, Dwerstakke, Fabryksloane, Fianen, Folgersterloane, It Grien, Klompmakkerspaad, Luchtenveld, Michielsreed, Nije Streek, Parkenwyk, Skoallewyk, Spitsbergen, Wâldstrjitte, Wytse Peetswei.
Publikaasje (s) "Later is vroeger niet mooier" (1991) "Twa doarpen op 'e heide (2020)"
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppeling om utens tekst fan de VPRO útstoering Andere tijden út 2007 Side Doarpsbelang
Kategory:Doarp of stêd yn Smellingerlân