De Rottefalle is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardeastlik fan Drachten.
De Rottefalle hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis De Rottefalle is yn de 17e iuw ûntstien as feankoloanje. De Rottefalle hat syn namme te danken oan in Jan Rateller, ek wol Jan Rot neamd. Hy liet ferskiedene fearten grave, wêrûnde ’t Vallata. Skippers neamden it “de Rot syn fal”.
thumb|left|Standermûne De Rot De plaknamme waard foar it earst yn in keapkontrakt fan 1618 neamd. Doe stiene der^neffens in kaart út 1617 al wat hûzen. De bewenners libben der fral fan it stekken fan turf en oan de Lits en de Brouwersgrêft waarden mear wentes boud. Yn 1730 waard ek in standermûne boud. Utsûnderik wie dat de mûne in reiten kape hie. Plannen om de mûne op in oar plak te restaurearjen waarden net útfierd en yn 1921 waaide de mûne om. Sa kaam der in ein oan de lêste noch besteande Fryske standermûne.
Mei't De Rottefalle yn 1724 in eigen tsjerke krige waard de buorskip in echt doarp.
Oant 1943 lei de Rottefalle yn trije gemeenten: Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. Yn 1953 waard it útroppen ta 'foarbylddoarp' (mei Kerkhoven yn Noard-Brabân), neidat de Rykslânboufoarljochtingstsjinst mei demonstraasje proeffjildsjes, foarbyldperselen en foarbyldbedriuwen de agraryske bedriuwsfiering besocht hie te ferbetterjen. Yn 1956 waarden ek ferbetteringsplannen foar de omkriten fan it doarp opset. As foarbylddoarp foar de ruilferkaveling wurdt Rottevalle neamd yn de Kanon fan Fryslân.
Op it begraafplak stiet ien fan de goed sechstich klokkestuollen yn Fryslân.
Mienskip Yn 2017 waard it nije MFA It Werflân iepene. Doarpskrantsje It Slûske ferskynt sânris yn 't jier. De feestkommisje organisearret om de trije jier in skoalle- en doarpsfeest. It Hagehiem is it sportkompleks fan 'e Rottefalle.
Tsjerken (of eardere herfoarme tsjerke) (of eardere grifformearde tsjerke)
PKN-gemeente De Rottefalle Mennistegemeente -De Rottevalle-It Wytfean thumb|260px|Fermanje Ferienings It doarp hat in soad buertferienings. Biljertklub 't Slappe Keutje Begraffenisferiening De Laatste Eer Fuotbalferiening De Rottefalle Iisclub De Rottefalle Koar Voortvarende Vrouwen Kristlike Brassband De Bazuin Muzykferiening Polyphonia Shantykoar De Piipegaeltsjesjongers Sportferiening Wêz Handich Toanielselskip De Rottefalle Wettersportferiening De Leien (De list is yn 2023 bywurke. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Skoalle thumb|260px|It Werflân Sûnt augustus 2016 binne de kristlike en iepenbiere basisskoalle 'De Finne' en 'Yn 'e Mande' as gearwurkingsskoalle tegearre gien. De skoalle is ûnderbrocht yn it yn 2017 iepene multyfunksjonele gebou 'It Werflân', dêr't ek it doarpshûs, it pjutteboartersplak en de jongereinsoas yn sitte. thumb|260px|It Wapen fan Smellingerlân, De Rottefalle Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2012 2012 2021 Ynwenners 952 939 986 997 1.031 1.320 1.380 1.362 1.405
Berne
Marten Jans van Houten (1801-1879), evangelist en mystikus Hindrik Kloosterman (1900-1968), wiskundige Joop Boomsma (1945–2018), skriuwer Betty Jansma (1990), sportfrou
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch De Rottefalle rint de folgjende busline:
Line 12: Bûtenpost - Drachten fia Surhústerfean
De busline troch De Rottefalle wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Sjoch: Strjitten op De Rottefalle Ofbylden
Sjoch ek Fryske doarpen
Kategory:Doarp of stêd yn Smellingerlân