Langsweagen is in doarp yn it west fan de gemeente Opsterlân, súdwest fan De Gordyk. It doarp hat likernôch 1050 ynwenners (2022).
Langsweagen leit yn it feanûntginningsgebiet en is fanâlds in lintdoarp oan de dyk fan It Hearrenfean nei De Gordyk. It doarp leit op de grins fan sân- en feangrûn. Bewesten en besuden Langsweagen is der in iepen lânskip en eastlik en noardlik hat it lânskip in sletten karakter. Sweach betsjut greidlân. De buorren by de tsjerke út 1781 hjit 't Hou.
Ek de nei de famylje Wijngaarden ferneamde buorskip De Wyngaerden falt ûnder Langsweagen. Oant Jonkerslân yn 1988 in selsstannich doarp waard, hearden ek Fûgelsang en Jonkerslân as buorskippen by Langsweagen.
Langsweagen hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Koarte skiednis De namme Langsweagen ferwiist nei de lizzing fan de grûnen: lange stikken lân (sweagen) rûnen eartiids fan it rivierke de Alde Ie yn it noarden oant foarby de Skoatterlânske Kompanjonsfeart yn it suden. De lange sweagen binne werom te finen yn de doarpsflagge en it wapen, symbolisearre troch de griene banen en in klaver yn it wapen. Nei ± 1550 waard troch de Heeren Compagnie út It Hearrenfean wei útein set mei it ôfgraven fan heechfean en waard de Skoatterlânske Kompanjonsfeart mei al syn wiken groeven om turf nei Hollân te ferfieren. De haadwei rûn east-west, fan It Hearrenfean oer Lúkswâld en Langsweagen nei De Gordyk. Dy Hegedyk wie tagelyk nei beide siden de wetterkearing. Benoarden dy Hegedyk ûntstienen nei de ferfeanting grutte wetterplassen. Troch de oanlis fan polderdiken waarden de drûchmakke polders geskikt makke foar boulân en greiden. In twadde ferbiningswei wie it wat heger lizzende 'Boppepaad’ fan Sechtjinroeden oant foarby Bontebok. Dêroan moatte in fjirtichtal pleatsen stien hawwe. thumb|left|Mattéustsjerke De tsjerke fan Langsweagen waard eartiids wijd oan Sint-Mattéüs. Oarspronklik hongen der twa klokken yn in klokkestoel, mar nei de nijbou fan de tsjerke yn 1782 binne de klokken yn de tsjerketoer ophong. Njonken de tsjerke stiet de konsistoarje mei in fraaie trepgevel. De tsjerketoer hat in wynwizer yn de foarm fan in hynderke.
It yn 1902 oprjochte molkfabryk ferlear nei de konsintraasje yn de jierren 1960 syn funksje en waard sluten. It gebou wurdt no bewenne en der sit in bedriuw yn. Foar de ôffier fan de produsearre tsiis waard gebrûk makke fan de tram. Yn 1880 waard de NTM (Nederlandsche Tramweg Maatschappij) oprjochte en sûnt krige Fryslân in net fan tramlinen. Oant 1948 ried der ek in tram troch Langsweagen.
Fral nei de oarloch krige it doarp oan de noardlike kant nijbou. Mienskip thumb|260px|De Beam fan Langsweagen Sûnt 1902 hat it doarp in Pleatslik Belang en sûnt oktober 2009 hat Langsweagen ek in eigen doarpshûs. It doarp hat in sportpark mei de sportseal 't Paradyske. De doarpsfeesten wurde begjin septimber holden.
Foar de sân yn Langsweagen berne slachtoffers fan de Twadde Wrâldkriich en de polisjonele aksjes yn Ynje is oan de Tsjerkestrjitte yn 2020 in plaquette mei dêrop de nammen ûntbleate.Omrop Fryslân, 28 augustus 2020
Tsjerke
De Mattéustsjerke is it tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Langsweagen-Jonkerslân-Lúkswâld. thumb|260px|Konsistoarje Skoalle De basisskoalle It Aventoer yn Langsweagen is tagelyk de skoalle foar Jonkerslân en Lúkswâld. (Yn it ramt fan de fúzje yn 2022 fan de earder aparte iepenbiere basisskoallen De Wjukslach yn Langsweagen en De Hoekstien yn Lúkswâld waard yn itselde jier útein set mei it plannen fan nijbou oan De Boenders oan de noardlike kant fan Langsweagen).Frysk Deiblêd, 29 july 2022. thumb|260px|Tsjerkeleane
Ferienings Feriening Floralia Fûgelwacht Lúkswâld Fuotbalferiening Langsweagen Gymnastykfereriening Advendo Iisklub Langsweagen Tennisferiening Langsweagen Toanielferiening Nut en Genoegen
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp) Aktiviteiten Yn de moanne septimber wurde de Floraliafeesten organisearre. Alle jierren wurdt de prestaasjeloop "8 fan Langsweagen" organisearre.
Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2006 Ynwenners 956 1235 1129 1102 1100 1080 1000 Jier 2015 2020 Ynwenners 1074 1035 (Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Berne Anke Beenen (1853-1886), hurdrydster Cornelis Gerritsma (1866-1951), wethâlder Tjeerd Bottema (1884-1978), skilder, tekener illustrator Hotze de Roos (1909–1991), jeugdboekeskriuwer Sjirk Frânses van der Burg (1917-2008), feedokter Hans de Haan (1924/25-2006), politikus Anne Huitema (1941), byldzjend keunstner Atte Bouma (1948), fuotbaltrener-filosoof
Ferskaat In 2007 waard Langsweagen lanlik bekend mei't it Nederlânske team by it EK ûnder de -21 op sportpark 't Paradyske treende.
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Langsweagen rint de folgjende busline:
Line 20: Ljouwert - It Hearrenfean fia Drachten en De Gordyk
De busline troch Langsweagen wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Alde Ie, Boerestreek, De Finne, 't Hou, De Klamp, De Plasse, Hegedyk, Jister, Klidze Rjocht, Lang Ein, Lytse Wyngaarden, Paradys, 't Skeane Ein, Skoalplein, Spant, Tsjerkeleane.
Sjoch ek Fryske doarpen. De Frije Wiken.
Keppeling om utens webstee fan Langsweagen
Kategory:Doarp of stêd yn Opsterlân