Terwispel is in doarp yn it west fan de gemeente Opsterlân. It doarp leit noardwest fan De Gordyk.
Terwispel hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis thumb|left|Tsjerke en klokkestoel fan Terwispel, Atlas Schoemaker: Friesland, 1710-1735 Terwispel heart by de âldere delsettings fan de gemeente en hat fan oarsprong in agrarysk karakter. It wurdt nei 1315 wol as 'Wispolia, Westpalia' en 'Wyspola' skreaun. De namme soe komme fan it marke de Wide Wispel yn in sydstreamke fan it Alddjip.
Al foar 1150 hie Terwispel in tsjerke dy't op de hoeke fan de hjoeddeiske Mouwewei/Alde Dyk stie. Letter ferhûze de tsjerke nei De Streek. Dy tsjerke hie gjin toer, mar in klokkestoel mei trije klokken. Healwei de 19e iuw waard dy tsjerke nei swier waar brekfallich en yn 1864 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. By de bou waard doe in byldsje fûn fan de hillige Barbara, dy't foar de reformaasje mooglik de patroanhillige fan Terwispel west hat.
thumb|left| Spaltenbrêge It doarp ûntwikkele him op it krúspunt fan De Streek (de âlde wei) en it wetter de Nije Feart. Dy Nije Feart waard om 1852 hinne groeven as ûnderdiel fan de turfrûte. Trochdat de feart it doarp yn twaen spjalte waard de brêge oer de Nije Feart ek wol Spaltenbrêge neamd. By de feanterij yn 1863 binne by it Alddjip wol 161 sulveren muntsjes fûn dy't dêr nei 750 bedarre binne. Ien fan de sydstreamkes fan it Alddjip ûntsprong tusken Terwispel en Koartsweagen. Troch de feanterij binne yn de 19e iuw ek Feanebuert, Kolderfean en De Tynje ûntstien. De Tynje is letter los komd en waard nei 1900 in selstannich doarp.
Op de hoeke by de brêge waard oan it ein fan de 19e iuw de koöperative suvelfabryk 'De Volharding' oprjochte. It fabryk waard yn 1970 sletten en sûnt brûkt in farvefabryk de gebouwen.
Op 15 augustus en 8 septimber 1941 stoartten rillegau efter inoar twa Britske bommesmiters by Terwispel del. Yn 'e nacht fan 14 nei 15 augustus wie dat in Whitley-bommesmiter, dy't yn 'e greide oan de Alde Dyk/Mouwewei delkaam. De fiif manlju koene op 'e tiid it tastel ferlitte en waarden kriichsfinzenen makke. De Wellington-bommesmiter stoartte yn 'e nacht fan 7 nei 8 septimber del yn in stik greide oan de Koaibosk/Brêgeleane. De seis leden fan 'e bemanning kamen allegear om it libben. left|thumb|Kafee Spaltenbrêge Mienskip In grut part fan it ferieningslibben spilet him ôf yn 'Us Doarpshûs', sa komt ek de feriening fan Pleatslik Belang dêr Oan de Smidte gear. Dat multyfunksjoneel sintrum waard yn 1987 mei in soad selswurksumheid boud.
Ienris yn de twa jier is der in doarpsfeest mei ferskate aktiviteiten. In wichtich ûnderdiel dêrfan is de buertkamp. 'Wispelweagen' is de namme fan de doarpskrante.
Tsjerke
thumb|260px|Tsjerke fan Terwispel PKN Terwispel-Tynje
Skoalle De iepenbiere basisskoalle fan Terwispel is It Ambyld. thumb|260px|De Streek
Ferienings Aldjiersploech Terwispel Boere-feriening Terwispel Brommerklub Terwispel Biljertklub Earste Krytsje Fûgelwacht De Gordyk e.o. Iisklub Spjaltenbrêge Toanielselskip Sizze en Dwaen Túnklubferiening Sportferiening Wispolia Fuotbalferiening Wispolia gymnastykferiening Wispolia tennisferiening Wispolia
Buertferienings Bûtewei Doarpshûsbuorren Hiskebuorren Alde Dyk/Klidze Rjocht Om 'e Bocht PlantsoenSinnedael ('t Feantsje, Skarlannen, De Streek) Smidte Spaltenbrêge/Kolderfean De Streek East Twa yn ien Unwaarskamp (De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp) thumb|260px|De Streek Befolkingsferrin Jier 1850 1895 1954 1959 1964 1969 1974 2005 Ynwenners 519 2401 1275 1088 1025 963 912 1002 Jier 2015 2022 Ynwenners 1029 1015
Berne yn Terwispel
Wiebe Kornelis Walstra (1852-1917), (mei)skriuwer fan skoalleboekjes Goaitsen Burgy (1886–1944), Frysk skriuwer. Karst Leemburg (1889–1958), reedrider en winner fan de âlvestêdetocht 1929 Dirk van der Duim (1908–1990), reedrider en winner fan de âlvestêdetocht 1940 Sietse Westra (1927–1997), oprjochter fan SC Cambuur Ljouwert. Kerst Huisman (1940), publisist en histoarikus. Johanneke Liemburg (19 juli 1952), boargemaster fan Littenseradiel Henk Hofstra (1952), keunstskilder en grafysk ûntwerper. Atte Jongstra (13 augustus 1956), skriuwer, essayist en resensint thumb|260px|Nije Feart
Bustsjinst De busline troch Terwispel wurdt fersoarge troch Qbuzz. De folgjende line rydt troch Terwispel:
Line 20 Ljouwert - It Hearrenfean fia Drachten en De Gordyk: Ljouwert - Garyp - Nyegea - Drachten - Olterterp - Beetstersweach - Bûtenwei - Lippenhuzen - De Gordyk - Langsweagen - De Knipe - It Hearrenfean
Eveneminten Doarpsfeest (septimber) Loop Terwispel Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Terwispel rint de folgjende busline:
Line 104: De Tynje - Ien fia De Gordyk en Haulerwyk
De busline troch Terwispel wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten 't Feantsje, Alde Dyk, Alde Hiemen, Bûtewei, De Dûker, De Streek, De Fûnken, De Wâlden, Griene Dyk, Harnemûne, Hellingwâl, Klidze Rjocht, Koaibosk, Kolderfean, Mûnesleat, Mouwewei, Rykswei A7, Seagerij, Skarlannen, Skeanpaad, Smidte, Spaltenbrêge, Tolhúsleane, Visserwei.
Publikaasje(s) "Eindstation Terwispel" "Djipte"
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Opsterlân