Dunegea is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren. It doarp leit besuden Sint Nyk en westlik fan de Tsjûkemar.
It doarp hat ynwenners (, boarne: CBS). Der binne gjin plannen foar huzebou yn it doarp.
Skiednis Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 foel Dunegea ûnder de mei yngong fan dy datum ophefte gemeente Doanjewerstâl. Dy gemeente waard ek Dodingawerstal en Doniagawerstal en, yn it Aldfrysk Dodingwerstal. Yn Dunegea waarden âldtiids iepenbiere rjochtsittings hâlden fan it aadlike famyljenamme Doanja dat dêr ea wenne hat. De famylje stie yn heech oansjen. De namme 'warstal' of 'werstal' betsjut rjochtstoel of rjochtsgebiet.
Der is foar it bedriuw Vermilion Energy fergunning ferliend om by Dunegea mei in proefboaring de oanwêzichheid fan ierdgas fêst te stellen.
Mienskip In buorren hat it doarp net mear, in pear iuwen lyn wie dy der noch wol. Dêr is oars neat fan werom te finen as in tsjerkhouwenen in klokkestoel. De klokkestoel stiet op in fûnemint fan swerfstiennen. Der is noch in kafee, wêrfan de kastlein earder ek noch buorke. De kombinaasje kastlein-boer seach men eartiids folle mear.
Befolking 1954 - 164 1959 - 158 1964 - 155 1969 - 129 1974 - 101 2004 - 90 2021 - 85
Strjitten Headammen - Op in âlde kaart fan 1789 wurdt 'Hooydamme' neamd. In daam yn in wetter om heaweinen oerhinne ride te litten nei de healannen. Wielwei - wei by it wiel, in útrinner fan de Tsjûkemar.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Doanjewerstâl Kategory:Doarp of stêd yn Skarsterlân Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren