Ousterhaule is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súd fan De Jouwer. It doarp hat ynwenners (, boarne: CBS).

Namme De naam ferwiist nei ouwer en hichte ("haule"). It plak hiet foar de oarloch “Oosterhaule”.

Skiednis Ut it oarspronklike âlde dorp (Alde Ouwer) is it nije stifte, Ouwster-Nijega, en is ek de haule (hichte) fan de Ouwer bewenber makke: Ousterhaule. It foarmet mei Aldeouwer en Ouster-Nijegea it Ouster Trijegea, feitlik in trijelingdoarp. It blykt bygelyks út in mienskiplike basisskoalle "Trijegeaster Honk". Yn 1741 waard hjir troch de ynset fan de aadlike laach Vegelin de Trijegeasterpolder oanlein. De nijbouwyk hjit Wolsmastate.

Mienskip It doarp hat mei Ouwster-Nijega en Oldeouwer ien feriening foar Pleatslik Belang en ien doarpshûs, De Hichte. Omdat de feriening yn 2010 hûndert jier bestie, en de skoalle 175 jier, waard in jubileumboek útjûn.

Befolkingsferrin 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2021 197 209 204 195 227 ±300 355

Ferieningen Pleatslik Belang Ouster-Trijegeaen Aktiviteiteteam Ouster-Trijegeaen Muzykferiening Excelsior Toanielferiening De Lytse Mienskip

Skoalle Basisskoalle It Trijegeaster Honk

Tsjerke It doarp hat in oarspronklik midsiuwsk tsjerkje, dat yn de 20e iuw ommitsele waard. De grutte houten geveltoer fan de Tsjerke fan Ousterhaule is beklaaid mei lead.

Ferskaat Sûnt 2003 sit yn Ousterhaule it Frysk Iepenbier Ferfier Museum.

</center>

Strjitten Haulstersingel - boskpaad tusken de Haulsterwei en De Wâldfinnen (Hollandiastrjitte). Hearenwei - nei in net mei namme neamde feanbaas dy't de dyk oanlizze liet. J Veldstrawei - Jetze Veldstra (1886-1945) wie in boer yn Ousterhaule. Hy wie in yllegale wurker yn de Twadde Wrâldoarloch dy't yn 1945 stoar yn it strafkamp Neuengamme. Ousterhaule hat sûnt 1950 in stânbyld foar him. De wei rint lâns de klokkestoel. Marwei - dyk nei de Tsjûkemar. Stinsewei - dyk nei de stins fan Wolsma State. Wolsmastate - Wolsma State stie hjir ± 1550 stie. It hie it ienige kanon fan de omlizzende gritenijen.

Kategory:Doarp of stêd yn Doanjewerstâl Kategory:Doarp of stêd yn Skarsterlân Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren