Nijehaske is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, krekt west fan It Hearrenfean. It doarp hat ynwenners (, boarne: CBS).

Skiednis Nijehaske is begûn as eastlike útbou fan it âldere doarp Haske, dat letter Aldehaske hjitte soe. Dy twa doarpen foarmen it sintrum fan de eardere gemeente Haskerlân. Troch feanterij, dy't al yn de 16e iuw geande wie, ûntjoech it doarp. Doe't 200 jier letter de Gitersken nei it gebiet kamen om fean ôf te graven, woeks it tal ynwenners fan beide doarpen hurd.

De groei fan it tichteby lizzende It Hearrenfean, dat op de grins fan trije gemeenten lei, soarge der foar dat in grut stik fan it doarp ferdwûn. De bebouwing west fan de Hearresleat en noard fan de Stasjonsstrjitte bleau oer. It oarspronklike hert fan Nijehaske hearde al sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1934 by It Hearrenfean. Dêr stie ek de herfoarme tsjerke dy't eartiids ien wie mei Haskerdiken en Nijbrêge. Allinnich it tsjerkhôf oan de Jousterwei is dêr noch fan oer. It stasjon fan It Hearrenfean stie oant 1933 yn Nijehaske.Skiednis fan NijehaskeSpanvis.com oproppen op 1 juny 2023

It oerbliuwend part fan Nijehaske hearde oant 1984 by de gemeente Haskerlân dy't doe opie yn de gemeente Skarsterlân. Yn 2014 gie dy wer op yn de nije gemeente De Fryske Marren.

Ferskaat Yn It Hearrenfean is in tichtebylizzende nijbouwyk Nijehaske neamd nei it doarp.

Foarby Nijehaske rint ek it Nije Hearrenfeanster Kanaal.

Befolkingsferrin 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2021 237 100 109 123 110 50 55

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Nijehaske rint de folgjende busline:

Line 95: It Hearrenfean - Ljouwert fia De Jouwer en Jirnsum

De busline troch Nijehaske wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Businesspark Friesland-West - yndustryterrein oan de A7. Ekspansjeleane - yn de betsjutting as útwreiding, op bedriuweterrein De Wierde. Enerzjyleane - ferwiist nei yndustriële fernijing, op bedriuweterrein De Wierde. Euroleane - nei de euro, op bedriuweterrein De Wierde. Fergravings - hjir waard eartiids fean groeven Fjildwei - troch de fjilden rinnende dyk Ynnovaasjeleane - op bedriuweterrein De Wierde. Jousterdyk - de dyk nei De Jouwer. Ketting - Oant 1929 hong in ketting oer de Engelenfeart om toljild te ynjen. Kommunikaasjeleane - op bedriuweterrein De Wierde.

Berne yn Nijehaske Jacobus Engelsma Mebius (1749-1838), Frysk predikant Hendrik Pyttersen Tzn. (1845-1919), Nederlânske politikus Jan Ankerman (1869-1928), politikus Lucas Bunt (1907-1981), oarlochsmisdiediger

Sjoch ek Nijehaske (wyk) Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Haskerlân Kategory:Doarp of stêd yn Skarsterlân Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren