Nij Beets is in doarp west fan Beetstersweach yn de gemeente Opsterlân.
It doarp hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
It Polderhaadkanaal rint troch it doarp.
Skiednis De namme Nij Beets komt fan it tichtby lizzende buorskip Ald Beets, dat eartiids gewoan Beets hiet en in doarp wie.
Nij Beets waard yn 1863 stifte troch feanarbeiders, dy't om 1860 hinne dêr it fean fan harren (fean)bazen ôfgroeven om der dêrnei turf fan te meitsjen. De delsetting lei yn de himrik fan it âlde doarp Beets. thumb|left|Feanterij ûnder Nij Beets, 1927 Troch de feanen rûn in wichtige ferbiningswei nei Utingeradiel, de Zeveinsweg; noardliker lei de Ga Weg - no de Prikkewei - yn it doarp. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland (1788): Den rydweg, die van Beetsterzwaag door dit Dorp en voorts naar 't Westen loopt, onder den naam van rechte Zeveins weg en dien van Ga weg; gaande de laatste geheel tot aan Utingeradeels grenzen, door de laage landen, die de Beetster Hooi- en Maadlanden worden genaamd. Verder Zuidoostwaards [...] liggen hooi- en weidlanden, bekend by den naam van Wester Buure Vennen, na welke de Marschen volgen.
Yn 1831 waard in nije strjitwei, de Nije Leppedyk (no de Domela Nieuwenhuiswei) tusken de Zeveinsweg en de Gean Wei oanlein. De lannen gienen fan 1863 ôf op de skeppe. Tweintich jier liet it lânskip in ôfwikseling fan stroken woeste grûn, healannen en turflannen sjen. Der waard benammen oan de Prikkewei boud, oan de eastside fan de Skipsleat en benoarden de Nij Beetsterfeart. Sûnt ein 19e iuw kaam it oanmeitsjen fan de útfeante grûn stadichoan op 'e gong. thumb|left|Prikkewei, Nij Beets 1892 Nei in wike bealgjen moasten de arbeiders sneins 5 kilometer rinne om yn Beets nei de herfoarme tsjerke. Om't dat foar in soad te fier wie, waard yn 1891 in houten tsjerke boud, dat de namme it Houten Himeltsje krige. Om de tsjerkegong noch mear oan te trunen joech de dûmny it tsjerkefolk snert. Gekjejend waarden de tsjinsten dêr doe ek wol snerttsjinsten neamd. Yn 1908 waard it Houten Himeltsje ferfongen troch stiennen nijbou oan de Skipsleat. Hjoed-de-dei is it Houten Himeltsje yn it iepenloftmuseum fan Nij Beets rekonstruearre. Yn 1917 folge oan de Prikkewei de bou fan in grifformearde tsjerke (yn 2004 ôfbrutsen).
Fan de iere organisearre folkswenningbou binne de tweintich wenten út 1921 oan de Swynswei (de eardere Zeveinswei) en it streekje fan tolve wenten, dy't yn 1938 en 1940 oan in sydpaad fan de Domela Nieuwenhuiswei kamen, moaie foarbylden.
thumb|260px|Sudergemaal It Sudergemaal waard yn 1924 boud en wie ien fan de earste elektryske gemalen yn Fryslân.
Koloanje Frij Fryslân Yn 1903 waard de koloanje Frij Fryslân yn Nij Beets stifte mei Jan Hoen as foarman. De koloanjes yn Bussum (Walden) en Blarikum (Ynternasjonale Bruorskip) wienen it foarbyld. Frederik van Eeden (skriuwer) makke as stifter fan Walden propagandatochten oer de ideeën fan mienskiplik grûnbesit. Yn de earmoedige omkriten fan Nij Beets gienen sokke ideeën der yn as in preek yn in âlderling. Lykas ek yn dy oare koloanjes mislearre it eksperimint; yn 1908 kaam in ein oan de koloanje Frij Fryslân. De Van Eedensrtjitte en de Hoenstrjitte yn Nij Beets binne nei de beide manlju neamd.
Mienskip thumb|260px|Brêge oer it Polderhaadkanaal yn Nij Beets Nij Beets hat sûnt 1898 in feriening foar Pleatslik Belang. It doarpshûs hjit 't Trefpunt. De doarpskrante De Nijs Beetster ferskynt tsienris yn 't jier. It Skûlhoal is de jeugdsoas. “De Blauwe Kamp” is sûnt 1955 it iepenloft swimbad fan Nij Beets.
Tsjerke PKN Nij Beets
Skoalle Iepenbiere basisskoalle De Tsjasker Kristlike basisskoalle De Arke
Ferienings Biljertferiening De Brêge Feestkommisje Nij Beets Fûgelwacht Nij Beets-De Feanhoop Follybalferiening ODS Toanielferiening Kliuwend Omheech Follybalferiening De Tûke Batsers (rekreaasje follybal) Fuotbalferiening Blue Boys Gymnastykferiening Krêft en Freonskip Jeu des Boules Sjitsportferiening Nij Beets Sloeproeiferiening De Turftrapers Tennisferiening Nij Beets Iisklub Nij Beets (De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2005 2015 2020 Ynwenners 1801 1628 1586 1529 1428 1691 1671 1685 (Boarnen: 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Berne Sjouke de Zee (1867-1954), skriuwer en propagandist Feite Faber (1923–2010), CDA-politikus Hannie Bruinsma-Kleijwegt (1936-2021), PvdA-politika Dineke van As-Kleijwegt (1942), PvdA-politika Dirkje Postma (1951), longarts en heechlearaar Patofysiology fan it sykheljen Jan Schulting (1956), fuotbaltrener Femke Kok (2000 ), langebaanrydster
Eveneminten Doarpsfeest (septimber) Midsimmerfeest Nij Beets (juny) Keetfeest
Damshûs thumb|260px|Dam-Hûske Nij Beets
De skiednis fan de earmoede yn 'e feanterij wurdt yn it leechfeanterijmuseum 'It Damshus' sichtber makke. In ienkeamerwente oan de Skipsleat foarmet de orizjinele kearn fan it museum. De feanarbeiders fertsjinnen suver neat en moasten yn houten krotten wenje, dy't se faak sels timmerje moasten, of op turffarren, dêr't earder turf op ferfierd waard mar dy't dêr net mear foar brûkt wurde koenen. Fan de boaten waard in húske makke of op de boaten waard in hûs makke.
Gea Nij Beets leit yn in polderlânskip mei moaie fiersichten. Fan de Feanhoop ôf rint it Polderhaadkanaal troch Nij Beets oant de Nije feart by De Ulesprong. By de Feanhoop leit it natoergebiet de Kraanlannen, dêr't noch petgatten út de feanterijtiid binne. Yn 'e tagonklike Kraanlannen binne in soad fûgels en oare bisten. Besuden Nij Beets rint it Ald Djip. Dat is in rivierke dy't earder útrûn yn de Middelsee. Mear súdlik fan de rivier leit it natoergebiet De Deelen, dat ek yn 'e tiid fan de feanterij ûntstien is.
Nij Beets leit sintraal yn it gebiet dat grinzet oan it boskgebiet fan Beetstersweach en it Fryske Marregebiet.
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Nij Beets rinne de folgjende buslinen:
Line 23: It Hearrenfean - Drachten fia De Tynje Line 27: It Hearrenfean - Drachten fia Akkrum en Beetstersweach
De buslinen troch Nij Beets wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Blauwe Kampwei, De Bjirk, De Els, De Esk, De Peppel, Doarpsstrjitte, Domela Nieuwenhuiswei, Dumnysbosk, Gearen, Geawei, Giterskewei, Hoenstrjitte, Janssen Stifting, Kanaalwei Noard, Kanaalwei Súd, Krûme Swynswei, Legewei, Leppedyk, Prikkewei, Ripen, Swynswei, Tjeerd Nawijnstrjitte, Tolhikbuert, Van der Brugghenstrjitte, Van Eedenstrjitte.
Sjoch ek Fryske doarpen
Keppeling om utens Website Beets Online | Nij Beets, Oud Beets It Damshûs
Kategory:Doarp of stêd yn Opsterlân