Olterterp is in doarp yn de gemeente Opsterlân, krekt eastlik fan Beetstersweach. It is it lytste doarp fan de gemeente, ûnder it doarp falt ek it buorskip Heidehuzen.
Olterterp hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Etymology Olterterp komt yn 1315 foar as Utrathorp. Utrathorp mei Urathorp (Oerterp) binne nammen dy't de lizzing fan beide doarpen foar de rivier de Boarn oer oanjouwe. It Aldfryske ûtere betsjut "bûtenste" of "oan de bûtenkant lizzend" en ûr "oer" of "boppe". Dat Olterterp is it streamôf lizzende doarp. De foarmen Otter- en Olter- hawwe lange tiid neist elkoar bestien, mar alinne de fariant Olterterp is oerbleaun.J.J. Spahr van der Hoek, Olterterp yn Fryske Plaknammen diel VIII sd. 19-22.
Skiednis thumb|left|It Boelens-wapen oan de tsjerketoer De famylje Fan Boelens wie eartiids eigner fan fierwei it measte lân en opstallen yn Olterterp. Amerozius Ayzo fan Boelens sette oan it begjin fan de 19e iuw útein it ûnlân te beplantsjen mei beammen.
Yn 1793 waard Boelensstate stifte troch Ambrosius Ayso fan Boelens, dy't yn 1907 ferfongen waard troch Huzinge Olterterp dêr't earder de famylje Fan Boelens wenne. It is no it haadkantoar fan It Fryske GeaPeter Karstkarel, 419x Friesland, Van Slijkenburg tot Moddergat. Utjouwerij Noordboek. By Beetstersweach stiet hearehûs De Horst, dat yn 1907 boud is troch de Beetstersweachster arsjitekt Luitje de Goed (1853-1926).
Bûten Olterterp leit yn 'e rjochting fan it Selmien it Aldhôf, oanlein yn 1830, is it famyljebegraafplak fan de famylje Fan Boelens. Ambrosius Ayzo fan Boelens (1766-1834) liet de heuvel opsmite, dêr't tsjintwurdich 12 stiennen lizze fan syn neiteam, ôffrede troch in smei-izeren hekke. It famyljewapen stiet op it grêf fan Boelardus Augustinus (1791-1830) ôfbylde.Ljouwerter Krante, (De krant van toen
Tsjerke
Yn Olterterp stiet in tsjerke út 1415 mei in toer út de 18e iuw. It tsjerkegebou is oplutsen út kleastermoppen yn goatyske styl. De tsjerke wie wijd oan Sint Hippolytus. Op de tsjerkeflier lizze sarken út de 17e en 18e iuw. Oan de muorren hingje rouboerden út dy tiid fan belangrike famyljes út dy tiid: Boelens, Lycklama à Nijeholt en Hemminga. Foar de tsjerke is yn 1744 in toer boud, de liedklok is wierskynlik fan 1444. Yn 1974 is it gebou restaurearre. De tsjerke is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken en der wurde geregeld konserten jûn.
It suvelfabryk thumb|left|It Wite Hûs yn de 40er jierren, oan de tramwei It Hearrenfean - Drachten'' Yn 1893 waard it stoomsuvelfabryk "De Hoop" stifte troch de erven Van Boelens, it pear Sandberg-van Boelens fan Arnhim. It molkfabryk stie oan de hoeke fan de dyk nei it Selmien en dy nei It Súd ûnder Drachten. Oant 1917 wie der ek in nôtmeallerij. Nei 1965 waard der ûnderhannele oer in fúzje mei de fabriken fan Boarnburgum, Terwispel en Langsweagen. Yn 1975 folge gearwurking mei dy fabriken ûnder de namme "De Zuid-Oost-Hoek"; letter waard it fabryk part fan "Friesland Frico Domo". Yn 2003 gie de produksje oer nei de suvelfabriken fan Warkum en Bedum en gie it fabryk ticht en waard ôfbrutsen. sa24.nl
Mienskip Foar foarsjennings is Olterterp oanwiisd op Beetstersweach. Olterterp hat tegearre mei Beetstersweach in feriening fan Pleatslik Belang. thumb|260px|Boskpaad foar it Wite Hûs oer
Tsjerke Protestantse Gemeente ViaPacis
Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2005 Ynwenners 154 184 155 144 137 130 90 96 Jier 2015 2020 Ynwenners 83 80
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Olterterp rinne de folgjende buslinen:
Line 20: Ljouwert - It Hearrenfean fia Drachten en De Gordyk Line 27: It Hearrenfean - Drachten fia Akkrum en Beetstersweach
De buslinen troch Olterterp wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Achterwei, Aldhôf, Boppefjild, Heidehuzen, Poostwei, Van Harinxmawei.
Ofbylden
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Opsterlân