Nyegea is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardwest fan Drachten. Nyegea leit oan rykswei N31, tusken Ljouwert en Drachten, dy't ek wol de Wâldwei neamd wurdt.
Under Nyegea falle ek de buorskippen Wierren (yn it noarden fan it doarp) en Eibertsgeasten en Middelbuorren (súdlik fan it doarp). Foardat De Tike in selsstannich doarp waard, foel De Tike as buorskip ek ûnder Nyegea. Nyegea hat gjin winkels mear en is foar boadskippen oanwiisd op Drachten of Burgum (beide op sa'n 5/6 kilometer ôfstân).
Nyegea hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis Nyegea is in doarp fan midsiuwske oarsprong. It doarp hie eartiids in 14e-iuwske tsjerke. De âlde tsjerke waard healwei de 19e iuw foar it measte ferboud. De bou fan de toer folge yn de jierren 1893-1894. Yn de toer hinget in klok út 1381.
Lang bleau it doarp in boerestreek oan de Lykwei, tsjintwurdich de Kommisjewei. Súdlik fan it westlike diel fan de Kommisjewei is der nei de oarloch in lytse doarpskearn ûntstien.
Mienskip thumb|260px|Doarpshûs Op 'e Jister It doarpshûs Op 'e Jister stiet oan de Kommisjewei. It doarpshûs waard boud op it plak dêr't eartiids it skoaltsje fan Nyegea stie. Ienris yn 'e trije jier wurdt der in doarpsfeest organisearre. Nyegeasters wurde gekjeijend foar ligers útskolden.List AFUK út begjin jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan Ph.H. Breuker, Fryske Akademy
Tsjerke
Grifformearde PKN-gemeente Nyegea-De Pein-De Tike. Herfoarme gemeente De Pein-Nyegea-De Tike.
Skoalle Sûnt jierren hat Nyegea gjin eigen basisskoalle mear. De bern geane no nei skoalle yn 'e Pein of Aldegea.
Ferienings Fûgelwacht De Pein (webstee) Gymnastykferiening Toneo Toanielselskip Nij Begjin (webstee) Befolkingsferrin 1840 1954 1959 1964 1969 1974 1999 2002 2003 2004 2005 165 563 613 599 552 497 474 492 502 516 505 2010 2012 2014 2015 2020 493 489 482 473 468
Berne Yke Reinders Boonstra (1907-1943), dichter
Keunstwurk By Nyegea binne oan it ein fan 'e Sintrale As by de Wâldwei yn in fiverke de keunstwurken De Glêzebiters en de Ielstikel set. It keunstwurk is troch de Nyegeasters sels betocht en fan wylgeteannen makke. Mear doarpen yn 'e omkriten binne ferrike mei keunstwurken fan wylgeteannen.
Ofbylden
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Nyegea rinne de folgjende buslinen:
Line 20: Ljouwert - It Hearrenfean fia Drachten en De Gordyk Line 55: Dokkum - Drachten fia Feanwâlden
De buslinen troch Nyegea wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Aldegeasterdyk, De Klynhoeke, Eartlânsreed, Eibertsgeasten, Fiifhoeke, Finnen, Hearrewei, Hegewei, Kilometerwei, Kommisjewei, Nije Tikewei, Skieppekampen, Stienkampen, Swartewei, Westerein, Wierren.
Sjoch ek Fryske doarpen
Kategory:Doarp of stêd yn Smellingerlân