Goaiïngahuzen is in doarp yn de westpunt fan de gemeente Smellingerlân.
It doarp hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis Goaiïngahuzen waard yn 1573 'Gonyehuisen' neamd. De plaknamme ferwiist mooglik nei in delsetting fan hûzen dy't stifte wie troch it Goinga-skaai. Foar safier bekend bestie Goaiïngahuzen altiten al út wat hûzen en pleatsen sûnder kearn. Yn de 19e iuw wie it in buorskip fan Boarnburgum. Yn 1955 krige Goaiïngahuzen de status fan doarp.Heraldry of the World
Oan de Peansterdyk stiet in yn 1883 boude kop-hals-romppleats, dy't in eardere pleats nei in brân ferfong. Op dat stee stie al in pleats sûnt de 16e iuw of earder al in hoarnleger. Dat boerehiem hearde by it Smelne-kleaster. Under it gemeentlike monumint sit in grutte molkenkelder ûnder it foarhûs. Eartiids hie de pleats in reidtek. De keldersfinsters mei bopperamen hawwe noch bûgde roeden.
Befolkingsferrin Jier 1959 1964 1969 1973 2004 2015 2020 Ynwenners 107 142 127 96 70 60 55 (Boarnen: 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Gea Yn de omkriten lizze de natuergebieten De Kobbekoai, neamd nei de kobben dy't dêr in soad binne, en it Unlân fan Jelsma. It is yn behear by It Fryske Gea en allinnich op oanfraach tagonklik.
Goaiïngahuzen hat in pear lytse kempings.
Spinnekopmûnen Oan de Peansterdyk stiet 'De Jansmûne' (De Modden), in spinnekopmûne, dy't earder de polder Van der Veer drûchmealle moast. Wat fierderop oan de dyk steane de mûnen 'Heechhiem', dy't Polder De Boer meallet, en 'De Modderige Bol', dy't Polder Adamse bemealle. Op It Eilân stiet de fjirde spinnekop fan de Goaiïngahuzen, de 'Roekmûne', de grutste spinnekopmûne fan Fryslân.
Strjitten It Eilân, Kobbewei, Peansterdyk, Swettewei.
Publikaasje(s) "Goaiïngahuzen - in machtich plakje"
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppelings om utens De Modderige Bol. Heechhiem. De Jansmûne. Roekmûne.
Kategory:Doarp of stêd yn Smellingerlân