De Feanhoop is in doarpke yn it westen fan de gemeente Smellingerlân, by de westein fan de Wide Ie.
Op De Feanhoop wenje ()https://opendata.cbs.nl/statline minsken.
Skiednis thumb|left|Brêge Noarderslûs De delsetting ûntstie as buorskip fan Boarnburgum yn 1819 mei de oanlis fan in nije feanterij mei polderdiken en mûnen.Aardrijkskundig Woordenboek, Van der Aa (1839-1851) Yn 1875 waard it Polderhaadkanaal groeven, dat Nij Beets mei De Feanhoop yn de Grutte Polder Opsterlân ferbynt. Oan 'e ein fan de feart festigen har by de slûs hieltyd mear minsken. De measte petgatten waarden as brûkber boerelân oanmakke.
Earst yn 1955 krige De Feanhoop tagelyk mei de oare buorskippen De Wylgen en Smelle Ie de doarpsstatus.
De lêste tiid hat it doarp him jimmeroan mear op wettersport en rekreaasje rjochte. Sûnt 2015 is it Polderhaadkanaal sa útdjippe dat boatsjes wer troch it doarp farre kinne.
Mienskip De doarpskrante hjit "It Feantraperke".
Skoalle Fan 1921 oant 2013 hie De Feanhoop in iepenbiere basisskoalle mei de namme 'Op 'e Feanhoop'. De skoalle waard sletten fanwegen it tebekrinnend tal bern.Onderwijs in De Veenhoop, ôfskiedsboekje Op 'e Feanhoop 1921-2013]
Ferienings Follybalferiening KAK
Befolkingsferrin Jier 1959 1964 1969 1974 2004 2012 20152020 Ynwenners 294 251 252 221 260 250 242 228
Berne Jeen van den Berg (1928-2014), winner Alvestêdetocht 1954.
Eveneminten Tagelyk mei it skûtsjesilen wurdt sûnt 1951 it Feanhoopfestival organisearre. De earste moandei fan de SKS-wedstriden skûtsjesilen wurde op de Feanhoop fersyld.Wâldnet, 20 july 2006.
Gea thumb|left|Kraanlannen thumb|260px|Wynmotor Herkules op De Feanhoop Eastlik en súdlik fan it doarp leit it natoergebiet Petgatten De Feanhoop, in likernôch 200 hektare grut natoergebiet mei broekboskjes, petgatten en stripen wetter dat ûnstie tusken 1860 en 1920 troch feanôfgraving. De Noarder Krite is noch oarspronklik bûtlân en lit de natoer sjen sa't dy foar de feanôfgraving wie. De Bonnebuskepetten lizze eastlik fan it doarp wylst de Kraanlannen súdlik lizze. De namme komt fan de kranen, dy't dêr eartiids harren aaien leine. De gebieten wurde troch It Fryske Gea beheard. Yn 'e Kraanlannen is ek in fûgelhut.
Krekt benoardeasten De Feanhoop stiet yn 'e Bonnebuskepetten in Amerikaanske wynmotor fan it type Herkules Metallicus, dy't oanwiisd is as ryksmonumint. Tichteby de Kraenlânswei stiet yn 'e Kraanlannen noch in lytsere wynmotor, dy't yn 2009 boud is.Molendatabase, oproppen 30 maaie 2023
Westlik fan it doarp leit yn it doarpsgebiet fan Goaiïngahuzen it Unlân fan Jelsma en it Kobbelân, dat ek yn de 19e iuw troch feanôfgraving ûntstie. Beide gebieten lizze oaninoar, mar yn it Kobbelân waard it fean djipper ôfgroeven dan it Unlân fan Jelsma en dêr binne mear petgatten. thumb|260px|Brêge oer it Polderhaadkanaal Gasbuis Yn 'e winter fan 2006/2007 is by De Feanhoop in 1,20 meter grouwe gasbuis fan 1060 meter lingte ûnder de Krûme Ie trochboarre. De Gasuny lei de nije gaslieding oan fan it Grinzer Gryptsjerk nei Warkum, dwerstroch Fryslân. De boarring by De Feanhoop is de grutste yn 'e skiednis fan it bedriuw. thumb|260px|It yn 2020 fernijde Noardergemaal mei fiskpassaazje Strjitten 't Stalt, Boarnburgumer Heawei, De Flearbosk, Drachtster Heawei, Eijzengapaed, Kanaeldyk, Klusewei, Kraenlânswei, Krúswei, Slûswei.
Ferskaat Op De Feanhoop fart simmerdeis in pontsje nei de Headammen, tichtby it Nasjonaal Park De Alde Feanen. By De Feanhoop leit yn in petgat oan 'e Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop de ark fan de ferstoarne skriuwer Rink van der Velde. Fryske skriuwers kinne de arke brûke om te skriuwen.
Sjoch ek Fryske doarpen
Keppeling om utens Side Pleatslik Belang De Feanhoop Filmke fan De Feanhoop 1941
Kategory:Doarp of stêd yn Smellingerlân