Wurdum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Wurdum leit noardeastlik fan Wytgaard, westlik fan Swichum en besuden Goutum en Ljouwert. De doarpskearn fan Wurdum leit om de Sint-Martinustsjerke op de terp fan Wurdum. It buorskip Tsjaard heart ek by Wurdum.

Wurdum hat ynwenners ().

Skiednis Stinsen en states thumb|left|States om Wurdum Om Wurdum stienen eartiids in soad stinzen. Op it kaartsje binne oanjûn: 1 Ayttastate (Swichum) 2. Unia 3. Camstra 4. Camstra (Bootsma) 5. Grut Camminga (boppe), Ald- of Lyts Cammingha (ûnder) 6. Barrahûs 7. Jousma of Eysingastate Sûnt 1943 leit Wurdum yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it yn de gritenij Ljouwerteradiel (súdertrimdiel).

Wigle fan Aytta Op 19 oktober 1507 waard Viglius fan Aytta berne op Barhûs ûnder Wurdum. Hy wie in soan fan Folkert fan Aytta dy't de eartiidse úthôf fan it Burgumer kleaster fan 1503 ôf yn erfpacht hie. Hy wie lid fan it Hof fan Fryslân, foarsitter fan de Ried fan Steat, riedshear fan Karel V en foarsitter fan 'e Geheime Rie. Hy stifte yn 1572 it Aytta-Godshûs en in kapel yn Swichum.

Tsjerke thumb|left|Sint-Martinustsjerke

Yn it doarp stiet de monumintale protestantske Sint-Martinustsjerke. De oarspronklike dowestientsjerke wie mûglik fan 1204. Oan de ein fan de 13e iuw is it grutstepart fan de tsjerke nijboud. De tsjerke is wijd oan Martinus fan Toers.

Yn likernôch 1688 of 1718 hat it doarp de toer oan de westkant fan de tsjerke om it jildtekoart fan de tsjerke ôfbrekke litten. De toer wie fan dowestien, dat nei gedachten wie dy fan de oarspronklike tsjerke. De dowestiennen waarden ferkoft oan de semintyndustry yn Makkum. De Wurdumers hawwe dêrtroch de bynamme tuorkefretters of toerfretters. Yn de 18e iuw is de westkant fan de tsjerke noch fierder ynkoarte. It is net dúdlik of de tsjerke earder twa tuorren hie; de hjoeddeiske toer is fan 1806, en is boud wêr't nei alle gedachten earder in kapel west hat.

Oant de foarming fan ien protestantske gemeente hie Wurdum ek in griffomearde tsjerke, de Unitastsjerke. Dy tsjerke is yn 2003 sletten, mar it gebou is bewarre bleaun en ferboud ta apparteminten.

Mienskip thumb|260px|Wurdum, De Golle Wurdum hat ien feriening foar Doarpsbelang mei Swichum. De Golle is it doarpshûs fan Wurdum.

Skoallen Wurdum hie twa basisskoallen: De Arke (prot.-kristlik basisûnderwiis) en de Uniaskoalle (iepenbier basisûnderwiis). Sûnt 2020 binne de skoallen gearfoege ta ien mienskipsskoalle.KBS De Arke

Ferienings Toanielferiening Nut en Nocht Fuotbalferiening WWS Tennisferiening Gymnastykferiening KDO Keatsferiening Mei Elkoar Nij Libben

Befolkingsferrin It ynwennertal fan Wurdum is desennialang stabyl bleaun, mar sûnt de sântiger jierren komme der stadichoan mear op-en-del-reizgers foar Ljouwert te wenjen.

Jier 1913 1954 1959 1964 1969 1973 1999 2002 2005 2021 Ynwenners 1.552 1.019 983 1.007 1.002 1.041 1.163 1.211 1.236 1.145

Ynfrastruktuer Strjitten

Sjoch: strjitten fan Wurdum

Ferbinings Wurdum leit op it krúspunt fan trije fearten: De Wurdumer Feart, dy't yn it ferline trochrûn nei Ljouwert. De Nije Wurdumer Feart, dy' ferbining jout mei de Ringsleat fan de Wergeaster Mar, en fierder nei Wergea. De Tsjaarder Feart. Earder wie der ek noch: De Werpster Feart, dy't allinnich nei de Werp late.

Iepenbier ferfier

Treintsjinst Fan 1868 oant 1938 en fan 1940 oant 1949 hie Wurdum in stasjon oan it spoar fan Swol nei Ljouwert. De geografyske ferkoarting foar Wurdum wie Wdm.

Bustsjinst Troch Wurdum rinne de folgjende buslinen:

Line 1: Busstasjon Ljouwert - Grou fia Julianaleane Line 95: It Hearrenfean - Ljouwert fia De Jouwer en Jirnsum De buslinen troch Wurdum wurder fersoarge troch Qbuzz.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Doarp of stêd yn Ljouwerteradiel (Sudertrimdiel)