Oster-Ohrstedt (Noardfrysk: Aaster Uurst; Deensk: Øster Ørsted; Nederdútsk: Ooster-Ohrsteed) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Viöl en hat 669 ynwenners (2024).
Njonken it doarp Oster-Ohrstedt lizze ek de buorskippen Backensholz, Oster-Ohrstedtfeld en Oster-Ohrstedtholz mei de útwreiding Luk.
It plak waard yn 1438 foar it earst neamd. De plaknamme giet werom op it Aldnoarske ārr yn 'e betsjutting fan 'boade' of 'ingel', of op it Aldnoarske arðr yn 'e betsjutting fan 'ploech'. Ohrstedt soe dêrmei safolle betsjutte as 'plak fan 'e boade' of 'plak fan 'e ploech'. Yn it Jutsk wurdt de plaknamme útsprutsen as Øster Orste.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934